Wellust in vrouwenvriendschap

logo.ensafh

Titia Brongersma (1648- na 1688): verlangen in druk

Toen in 1686 De bron-swaan of Mengeldigten verscheen van de Friese dichter Titia Brongersma, was het alweer even geleden dat een vrouw een zelfstandige bundel had uitgegeven in het Nederlands taalgebied (Bijvoorbeeld Maria Margaretha van Akerlaecken met Den lof der vrouwen. Tegen der Vrouwen Lasteraers in 1662). Alleen al het feit dat Brongersma dit initiatief zelf nam — en ook zelf het voorwoord verzorgde — doorbrak een patroon waarin publicatie doorgaans via mannelijke bemiddeling verliep. Zij nam de regie.

Lês en sjoch fierder by Fleur Speet op NeerlandistiekLês fierder

Gabrielle en Arjan Bedoele it Net Ferkeard: Fryske Nepo-Babys & Mear Mayhem

logo.ensafh

De Poëzijwike is foarby, mar Gabrielle en Arjan sjogge noch efkes werom. Sa droegen se foar yn in snie-eftich, pitoresk Harns, hie Gabrielle in literêr itentsje en gie Arjan nei Balk om foar te dragen op Podium Gorter. Ek wiene se by de Grutte Ensafh Gedichtejûn yn De Rode Loper, mei 33 dichters en muzyk fan Mayte.

Arjan ferdjippet him yn in boek oer de moard op JFK en Gabrielle sjocht in protte films. Fierder giet it oer Fryske nepo-baby’s, skriuwersbiografyen (wat seit in opsomming fan prizen?), de nije stedsdichter fan Grins (in âlde bekinde!) en …. metal. Gabrielle is nammentlik ûnderweis nei Mayhem.… Lês fierder

Ypie Bakker

fata morgana

logo.ensafh

 

net alle rivieren streame nei see
jou my dyn hân en lit ús opdrûgje
yn in kâlde woestyn, ferbaarn

de skippen achter dy
yt de bôle fan juster op
de skaal fan it eagenblik

it is net it snijen dat sa sear docht
mar it iepenhâlden fan de wûne, kom
ming dyn read troch it swart-wyt

bewarje net mear bang it
fjoer fan hjoed kin moarn
ek wol fonken jaan

guon sizze dat dêr moed
foar nedich is oaren
sprekke fan in yllúzje

ik neam it lok

 

 … Lês fierder

Kollum Gabrielle Terpstra: Razen en rêst

logo.ensafh

Der bart in soad yn de Frysktalige muzyk. Fan rock oant hiphop en pop: it liket allegearre yn bloei te stean. De band Drôvich iepene de Fryske Popawards, Mayte komt mei in Frysktalige EP by de Fryske Vinylclub en Alexander Moto waait as in frisse Hiphopwyn troch ús wrâld.

Ferline wykein wie ik hiel wurch. In lange wurkwike, en dêr boppe-op ek noch in konsert fan Mayhem yn Grins. Fan healwei achten oant tsjin tolven klonk Black Metal, hiel cool mar ek in bytsje oerweldigjend. En dochs krige ik de deis dêrnei wer nije enerzjy. Dy kaam fan in itentsje mei it Skriuwersbûn, in klup fan Frysktalige skriuwers.… Lês fierder

Blog Henk van der Veer: Fandaach de 125ste geboartedach fan Benedictus van der Veer

logo.ensafh

Ut is fandaach op ’e kòp ou 125 jaar leden dat oans fader Benedictus van der Veer geboaren wurdde: 14 febrewary 1911.

Syn leven hier duurde tòt en met 19 desember 1990, toen overleed hij.

Tussen dy twee datums speulde syn leven ou.

As nakommerke mocht ik oans fader mar 36 jaar metmake.

Lês en sjoch fierder by Henk van der VeerLês fierder

Aginda 22-03-2026: premjêre Requiem ta treast

logo.ensafh

Premjêre Requiem ta treast

Op sneintemiddei 22 maart is de premjêre fan it Requiem ta treast yn de menistetsjerke oan de Wirdumerdyk yn Ljouwert. Dit koarwurk is it resultaat fan in gearwurking tusken de komponist Marcus Veenstra en de ferstoarne Fryske dichter Willem Abma.

Marcus Veenstra is in alsidich musikus. Hy studearre oargel, koardireksje, lichte muzyk en skoalmuzyk oan ferskate konservatoaria. Jierrenlang wie hy kantor-organist yn de Grutte Tsjerke yn Harns en hy waard yn 1995 tsjerkemusikus yn de PKN-tsjerke de Schakel yn Camminghaburen, Ljouwert. Marcus Veenstra hat ferskate komposysjes skreaun, wêrûnder koar- en ensemblemuzyk, (religieuze) lieten en musicals. As komponist waard hy beynfloede troch syn learaar Piet Post en troch syn wurk als tsjerkemusikus en muzyklearaar.Lês fierder