Blog Sigrid Kingma: Projektmaitiid

logo.ensafh

Wat ha ik in wille fan de projekten dy’t ik as Dichter fan Fryslân dwaan mei. De skoalbesites sitte der hast op. Dy wienen allegear hiel ferskillend. De bern fan Libbenewiis hawwe harren eigen draai oan de moarn jûn, guon mei in foardracht, oaren mei it skriuwen fan in gedicht. Yn Blauhús ha we troch te filosofearjen oer lok in klinkend ferske makke. Yn Sint Anne en Jirnsum ha we sinteklaasgedichten skreaun. De jongste bern yn Bakkefean ferrasten my mei treflike personifikaasjes yn gedichten oer fruit. Burum wie wakker djipsinnich mei freonskip oan de gong der’t we mei werhelling en skrassen boarte hawwe.… Lês fierder

Blog Ferdinand de Jong: ‘Ze lachen weer’

logo.ensafh

Wy ha twa hinnen en dy moasten nij foer ha. Der is gjin aai sa lekker as dy fan jo eigen hin, want dy krije ek alle grien en bôle dat wy oer ha. Lekkere donkere djerren, dus. Omdat in hinneboer wol wit dat dy bisten net goed oer feroarings kinne, helje ik harren iten altyd by deselde winkel. In winkel dêr’t wy yn corona-tiid gewoan hinne koenen en der gjin deastraf op stie as je gjin kapke foar de snút hienen. In winkel mei gewoane minsken foar gewoane minsken. (Ik wit dat der no al guon tige dogende lêzers razend lilk wurde, mar dat kin my lekker neat ferhippe😊)

Goed, hinnefoer.… Lês fierder

Henk Nijp

Ferkiezings

logo.ensafh

Wy moasten der even op út, om boadskippen. It waaide dat it rikke en ik hie hâlden en kearen mei de pakesizzer efterop en de fûle wynpûsten dy’t ús efter de hege gebouwen wei oer it mad kamen. We kamen oan by in lanlike grutwinkelman en krekt op ’e tiid stiene wy stil foar’t wy yn in grouwe klodder behangstisel telâne komme soene. De man fan dy lym fleach lyk foar it foartsjil del om in poster werom te krijen dy’t troch de wyn fuortblaasd waard. Syn smoarge lears betrape it biljet krekt foar’t it útflappe soe. It wie op ’e tiisdeis foar de ferkiezingen.… Lês fierder

Aginda 02-04-2023: Nije Streekdichter moetet âld-Streekdichter

logo.ensafh

Nije Streekdichter moetet âld-Streekdichter yn boekhannel Van der Velde

Op 2 april trede de Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Pieter van der Zwaag, en Geart Tigchelaar tegearre op yn boekhannel Van der Velde te Dokkum. Sa kin elk yn de kunde komme mei Van der Zwaag en de bondel fan Tigchelaar.

Op 26 jannewaris dit jier hat Pieter van de Zwaag it stokje oernommen fan âld-Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar. Van der Zwaag, oarspronklik út Eastrum, sil twa jier lang oan de slach as dichter fan ’e streek. Tigchelaar hat syn twa jier Streekdichterskip bondele yn Oer de streek.

De twa dichters moetsje inoar yn boekhannel Van der Velde yn Dokkum op 2 april tusken 14:00 en 15:00 oere.… Lês fierder

Spelfouten: dit is waarom we ze maken – en velen zich er mateloos aan storen

logo.ensafh

De Nederlandse werkwoordspelling vormt voor veel mensen een struikelblok. Vooral de zogenaamde dt-fouten zijn berucht. Maar waarom eigenlijk? En waarom worden dt-zondaren daar zo hard op afgerekend?

Geef maar toe. Ook degenen die beweren nooit een dt-fout te maken, hebben dat stiekem vast weleens gedaan. Waarom dt-foutjes er zo gemakkelijk in sluipen, is een interessante vraag. Als immers de regel wordt toegepast, zijn deze fouten simpel te voorkomen. Toch gebeurt het bij menigeen veelvuldig, tot groot ongenoegen van fervente taalnazi’s, die een dt-fout hard afstraffen. Scientias.nl ging in gesprek met de onlangs gepromoveerde taalwetenschapper Robert Chamalaun, leraar Nederlands en tevens verbonden aan de Radboud Universiteit, over deze kwestie.… Lês fierder