Teleks: Mânske blomlêzing Elmar Kuiper yn oersetting ‘Earthskin’

logo.ensafh

Fan ’t maitiid ferskynt de mânske blomlêzing: ‘Earthskin’ by Copper Coin Publishing te New Dehli.David Colmer fertaalde 80 gedichten út 8 bondels fan Elmar Kuiper yn it Ingelsk. Der is in neiwurd fan Geart Tigchelaar.It lúks útjûn boek krijt syn fjoerdoop ûnder de New Dehli World Bookfair, dy ’t tusken 25 febrewaris en 5 maart hâlden wurdt.

Yn maaie sil yn Tresoar in feestlike presintaasje hâlden wurde.Copper Coin is in ûnôfhinklike meartalige útjouwer en is tawijd oan it fieren, koesterjen en behâlden fan de bêste stimmen yn Yndiaaske en wrâldpoëzy, non-fiksje en fiksje. Copper Coinpublisearret yn it Ingelsk, Punjabi, Marathi en Hindi.… Lês fierder

Teleks: Petear mei Piter Boersma diel twa

logo.ensafh

Paradoksen – 2

In omslach
Piter hat yn syn skriuwerskip in omslach makke fan it hyper-realisme nei it realisme mei absurde fantasyen. Op in stuit lies hy boeken fan Richard Brautigan. Dy Amerikaanske auteur skriuwt fragmintarysk, enoarm fantasyryk en net realistysk. Just op dat fragmintaryske sloech Piter oan. Hy koe al noait rjocht in ferhaal fan begjin ta ein lêze. Boppedat hold hy fan kollaazje-achtige ferhalen, en dat wie presys sa’t Brautigan skreau.

Lês fierder by Hein Jaap Hilarides op SirkwyLês fierder

Edwin de Groot

POËZIJ POËZIJ POËZIJ

logo.ensafh

Der foel in lyts pakje yn de bus … okkerdeis.
Dêryn sieten trije A-fjouwerkes en in kassettebantsje*.
Ien A-fjouwerke mei in ferklearring, in deklamaasje suver en
op de oare twa fellen it gedicht ‘Doch-it Sels Poëtiside Deadsberjocht en in Ingelske oersetting dêrfan.
De stjoerder en de skriuwer fan dit alles hyt fan Bert de Vries, de man fan it prachtich by Hipsel útjûne boek ‘Eigentrieds’; in samling yn it Frysk oersette Outlaw- en beatgedichten fan û.o. Alan Ginsberg, Walt Whitman, Patti Smith en Eileen Myles. (Moai woke yn lykwicht, no.) En noch folle mear prachtdichters.
‘Eigentrieds’ kin sjoen wurde as Fryslâns eigen Bibel oer Outlaw Poëzij. … Lês fierder

Smots en Smodzje

logo.ensafh

Smeerboel in het zeventiende-eeuwse Nederlands en Fries

In het recente boekje Alle Amsterdamse Akten: Ruzie, rouw en roddels bij de notaris, 1578-1915 uit 2022 staat een prachtig artikel van Nicoline van der Sijs over scheldwoorden in de Amsterdamse notarisakten van de zestiende tot de achttiende eeuw. Hierin wordt beschreven dat vrouwen meestal met het woord “hoer” of samenstellingen met “hoer” werden uitgescholden, bv. gauwdiefshoer, allemanshoer, donderhoer en dievenhoer.

Niet heftig genoeg

Wat Nicoline van der Sijs opviel, was dat woorden zoals slons, del, dweil of slet in de Amsterdamse notarisakten nauwelijks voorkwamen terwijl ze ook in die tijd al als negatieve vrouwenbenamingen in omloop waren.… Lês fierder

Blog Ferdinand de Jong: Twa petearen op freedtemoarn

logo.ensafh

Twa petearen

Hjoed hie ik oant no ta twa petearen dy’t ik even mei jim diele wol. Ik sil gjin nammen neame, dêr giet it ek net om, it giet oer de ynhâld. As earste krige ik in telefoantsje fan in dame dy’t my attindearre op eat dat mei myn wurk te krijen hat. Omdat de namme fan de frou my bekend foarkaam, frege ik wêr’t se wenne. Foardat we it wisten wienen wy yn petear oer har bern en al dy frachtweinen fol feefoer dy’t ik foar harren laden hie doe’t ik noch yn Snits wurke by wat doe Koudijs Wouda hjitte.… Lês fierder

Teleks: Measte Steateleden wolle besuniging taal en kultuer fan tafel hawwe

logo.ensafh

De measte partijen yn Provinsjale Steaten wolle dat de besunigings op taal en kultuer fan 1,6 miljoen euro fan tafel geane. Dat docht bliken út in rûngong fan Omrop Fryslân.

Mar neffens it CDA is it fan tafel heljen net reëel. Der komme finansjeel drege tiden oan foar de regionale oerheid.

Der stean provinsjale ferkiezings foar de doar. Op 15 maart is it safier. De politike partijen begjinne fan harren hearre te litten, sa ek oer kultuer.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Skôging Pier Bergsma oer ‘Exit Fryslân’ fan Goffe Jensma

logo.ensafh

Ferline jier juny hie ik yn ferbân mei syn ôfskied oan de Grinzer universiteit in fraachpetear mei Goffe Jensma. Dat petear stie yn it lêste nûmer fan DE NIJE, dat yn desimber útkaam.

“Fertoarke studinten bloeiden by ús wer op” (side 50 o/m 54).
Yn dat petear kamen wy ek te praat oer syn plannen foar de takomst. Ien fan de saken dy’t er doe neamde, wie de oankundiging fan syn nije boek Exit Fryslân. Dat boek is der ûndertusken en yn haadstik 16 ‘Exit Frysk! De universiteit en het Fries’ giet Jensma wiidweidich yn op de fraach: “Hoe kan het dat juist tijdens mijn professoraat de enig overgebleven hoofdvakstudie Fries in Nederland ophield te bestaan?”.… Lês fierder