Yn april 2022 ferskynde it út it Oekraynsk oersetten berneboek Maia en har freonen yn it Frysk. Alve Fryske útjouwers hawwe harren mei-inoar ynsetten foar dizze Fryske útjefte, ûnder de flagge fan Boeken fan Fryslân. Ofpraat wie dat de opbringst dêrfan folslein te’n goede komme soe oan Unicef Oekraïne. No, hast in jier nei it begjin fan de oarloch, is it boek hast útferkocht en koe de sjek fan € 3.500,- oanbean wurde.
De Fryske Berneboeke-ambassadeur en oersetter fan it boek Tialda Hoogeveen hat de sjek woansdei oerhandige oan Sipke Jan Bousema, ambassadeur fan UNICEF. “Ik bin der as ambassadeur fan Unicef hiel wiis mei dat Tialda Hoogeveen dit inisjatyf naam hat en dat sy har as berneboeke-ambassadeur foar alle bern ynset.… Lês fierder