Teleks: Franeker Diktee, Trinus Riemersma-dei en Franeker Woordeboek nominearre foar Taalpriis Waadhoeke

logo.ensafh

It Franeker Diktee, de Trinus Riemersma-dei en it Franeker Woordeboek binne nominearre foar de Taalpriis Waadhoeke. Dat hat de sjuery fan de priis bekend makke. De earste Taalpriis fan de fjouwertalige gemeente wurdt op 21 febrewaris, de UNESCO Dei fan de Memmetaal, útrikt op de Waadhoekster Taledei yn de biblioteek fan Frjentsjer.

Dy dei is der yn de biblioteek fan Frjentsjer fan 20.00 oant 22.00 oere in feestlik programma om de meartaligens fan de gemeente – mei neist it Nederlânsk ek ryk oan it Frysk, Bildts en Franekers – te fieren. De priis bestiet út in keunstwurk fan keramist Paulien Ploeger, spesjaal foar dizze priis makke.… Lês fierder

Teleks: Kursus ‘Toppers út de Fryske literatuer’

logo.ensafh

Toppers út de Fryske literatuer

Kom yn ’e kunde mei it wurk fan fjouwer ferneamde Fryske skriuwers en harren priiswinnende romans.

Yn in rige fan fjouwer jûnen komme yn dizze kursus Fryske skriuwers op it aljemint, dy’t der útkypje mei romans dy’t noch altiten tige de muoite wurdich binne om te lêzen, oer nei te tinken en oer te praten. It domein Letter & Geest fan de Academie van Franeker fersoarget de kursus yn de Botniastins oan de Breedeplaats yn Frjentsjer.

De Gysbert Japicxpriis is de grutste priis dy’t yn Fryslân takend wurdt foar oarspronklik Frysk literêr wurk. Ut de lange list fan priiswinners hat Rolf Bremmer, yn oerlis mei Babs Gezelle Meerburg, soarge foar in oansprekkende seleksje fan boeken en saakkundige ynlieders.… Lês fierder

Kollum Henk van der Veer: Mancave

logo.ensafh

Sinds kòrt gaan ik tegare met fotograaf Tom Coehoorn op’e strún foar un nieuwe rúbryk in ut enege glossyblad dat Fryslaan ryk is. Elke maand ferskynt der un repòrtaazje in de Friesland Post over de Mancave. Ik weet ut der is un bitsje Frys laat staat Snekers an dat woard.
Dat het úteraard alles te krijen met de oarsprong wêr’t de mancaves oarspronkelek fut komme. Mancave is un term dy’t f’ral brúkt wurdt in Angelsaksise lannen as de United States of America, Australië en Nieuw Zeeland.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Johan Veenstra: Ooldeschoot

logo.ensafh

Ik hebbe vandemiddag mit Grytsje Kingma optreden in de Sionskarke in Ooldeschoot. Op 1 meert 2020 mochten we optreden in et oolde karkien van datzelde Ooldeschoot. Een dag of wat laeter begon doe de coronapandemie. En now wawwe d’r weer… We hadden ongeveer 100 man pebliek, dat was hiel mooi. In dat oolde karkien stonnen we dichte bi’j et volk. De Sionskarke is een hiele grote karke daor aj’ veerder van et volk ofstaon.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Jelma Knol

Feico, in 16de-iuwske komponist út Wier

logo.ensafh

En dan hawwe wy der samar in âlde Fryske komponist by, út Wier noch wol. Kees Kuiken beskriuwt yn it net genôch te priizjen blêd fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken hoe’t er mei tank oan Suffridus Petrus syn boek oer Fryske skriuwers en gelearden út 1590, op it spoar set waard fan Fredericus/Feico Viaerra. Suffridus hat de man persoanlik kend. Kuiken ûntdekte ûnder oare dat Feico yn 1554 yn de universiteitsstêd Leuven studearre. Petrus Phalesius, de Leuvenske boekhanneler en printer, brocht tsien jier letter Feico syn boek út mei komposysjes foar de cythara, in foargonger fan de lút. Neist in inkeld gedicht is dit it iennichste wurk dat oant no ta fan de ynwenner fan Wier oerbleaun is.… Lês fierder

Aginda 25-02-2023: ‘Winterjûnenocht’ – literêre jûn mei Sjoerd Bottema

logo.ensafh

Sjoerd Bottema lêst op sneontejûn 25 febrewaris it ferhaal ‘Winterjûnenocht’ foar út de bondel De grize oer de grouwe. De wûnderbern Klaasje en Klaske, de âlde skarreler Jappy Hummel en de duvelske Keimpe Jakkeles: wêr sil dat op útdraaie? In nostalgysk horrorferhaal út de fyftiger en sechtiger jierren fan de foarige iuw. Tuskentroch draait Bob de Boer muzyk út dy tiid.

Sjoerd Bottema skreau romans, ferhalen en toaniel. Syn wurk is in miks fan tradysje en eksperimint, wylst ek de humor net ûntbrekt. Yn 2020 ferskynde in nije ferhalebondel: De grize oer de grouwe, ‘klassikers’ dêr’t de skriuwer syn eigen draai oan jout.… Lês fierder

Blog Wiep Koehoorn: Boekpresentatie voor ‘Testament van de ziel’

logo.ensafh

In gesprek over het boek van Hylke Speerstra
Het Nederlandstalige boek ‘Testament van de ziel’ van Hylke Speerstra is onlangs verschenen. Dat is de vertaling – van de schrijver zelf – van diens oorspronkelijk Friestalige boek ‘Testamint fan de siel’ (2021), handelend over twee weduwnaars met Friese roots, die elkaar ontmoeten bij een rodeo in Canada, en die elkaar hun levensverhalen vertellen.
De vertaling van dit boek wordt vandaag gepresenteerd in de grote zaal van Tresoar te Leeuwarden, in het bijzijn van zo’n 200 belangstellenden. Durkje en ik zijn er ook bij. De presentatie wordt gegeven in de vorm van een groeps-interview.… Lês fierder