Sneontemoarn. Bûtendoar is it in graad as seis, mar neffens de berjochten sil it in bytsje winterich wurde. Dat is moai, want dan kinne we wer wat fleuriger gesichten sjen yn dizze djiptryste perioade. Juster spruts ik mei immen dy’t fan bern ôf oan sjoernalist wurde woe en it ek wurden is. Op myn fraach oft er noch wolris nei syn âlde baas harke, wie it antwurd nee. ‘Oars wurd ik lilk en dat ha ik der net foar oer.’
It die my tinken oan it beslút dat ik in jier as wat lyn ek naam ha. Gjin talkshows mear, gjin jeuzeljende randstedelijke D66 NPO radio-babbelboksen.… Lês fierder