Blog Jaap Slager: 6. Opkomst en tebekgong fan it Hollânsk

logo.ensafh

– Dus it Hollânsk ûntstie boppe op it Frysk dat der oant dan ta yn it greefskip Hollân praat waard? Hoe giet soks yn syn wurk, master?

– Dat gong doedestiids noch wakker stadich, Trycke, troch de wei fan ynterferinsje. Ynterferinsje is ûnderlinge beynfloeding, yn dut gefal fan talen. As de measte lju in útdrukking út in oare taal oernimme, wurdt soks gewoan … en rillegau de nije noarm.

– Wannear is dat begûn, master?

Lês fierder by Jaap Slager

 … Lês fierder

Teleks: Oersetter en skriuwer Harke Bremer (67) ferstoarn

logo.ensafh

Oersetter en skriuwer Harke Bremer is ferline wike tongersdei yn syn wenplak Kampen ferstoarn. Hy is 67 jier wurden.

Yn ‘e mande mei syn stúdzjemaat Jarich Hoekstra sette er yn ‘e jierren santich Asterix de Galjer oer, letter folge in hiele rige oare stripboeken. Neist in oantal Asterix-albums ferfrysken se fiif boeken fan Pieter H. Kuhn oer Kaptein Rob en tolve Tom Poes-boeken fan Marten Toonder.

Benammen yn dy lêste rige foel de grutte taalrykdom en kreativiteit fan it duo op. It slagge harren alle kearen wer om it eptige idioom fan Toonder yn hiel eigen Frysk oer te setten. De ferneamde stoplape fan Bommel ‘als je begrijpt wat ik bedoel’ waard by harren ‘dêr’t ik sa’n wurd om sis’.… Lês fierder

Kollum Henk van der Veer: Sneker Filmwinter

logo.ensafh

Donderdach anstaande mach ik de Sneker Filmwinter opene. ‘Hestou dêr ok al ferstaan fan?’ Ik beantwoardde bovenstaande fraach met: ‘Ik hew der gyn ballen ferstaan fan!’ Mar ik kan ok gyn eiers lêge. Ik bin gyn kyp, mar dêrom fyn ik un sachtkookt eike op un stukje roggebroad wel lekker.
Ger de Boer en Klaus Boonstra al sinds jaar en dach de groate stimulatòrs fan de Sneker Filmwinter froegen mij un antal maanden leden òf ik de openingsspeech foar myn rekening nimme wú. At sukke entûsiastelingen dy frage dan sêge je nyt fan ‘nee’. Klaar.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Giny Bastiaans

Treastplak

logo.ensafh

Der giet hast gjin dei foarby dat der net ien freget: ‘Bist al wat thús yn ’e stêd? Bist ek ûnwennich?’ De earste moannen kaam fuortdaliks myn antwurd: ‘Eh nee juh!’ En dan wie it stil. Gjinien koe him yntinke dat ik net ûnwennich wurde soe fan myn wâldhúske bûten, yn in lyts doarp. Mar as bern opgroeid yn ’e stêd fielde ik my hjir samar thús. Ik rin moarns betiid troch de smelle strjitsjes. Snits wurdt wekker. En by de bakker rûkt it nei bôle. Hearlik.
En earlik, mei de waarmte om my hinne fan in leaf persoan, de drokte fan it ferhúzjen en alles wat dêrnei kaam, hie ik ommers ek gjin tiid om ûnwennich te wurden.… Lês fierder

Aginda 26-01-2023: Streekdichter Geart Tigchelaar presintearret bondel ‘Oer de streek’

logo.ensafh

Streekdichter Geart Tigchelaar presintearret bondel Oer de streek

Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, presintearret op 26 jannewaris 2023 yn it stedshûs fan Dokkum syn nijste bondel Oer de streek (útjûn troch Hispel). Dat docht er foarôfgeand oan de oerdracht fan it stokje oan de nije Streekdichter.

Tigchelaar hat twa jier lang Streekdichter west en hat dêrby net allinnich in soad poëzy oer de streek skreaun, mar ek in grut tal projekten op priemmen setten. De gedichten dy’t er yn opdracht skreaun hat, wurde begelaat troch in koarte ûntsteansskiednis. Fierders stiet de bondel fol mei frij wurk, guon projekten en foto’s dy’t er makke hat op syn fytstochten troch de streek.… Lês fierder

Teleks: Nu is er geen hoogleraar Friese taal en cultuur meer. En dat is een slechte zaak, vinden schrijvers en wetenschappers

logo.ensafh

De laatste hoogleraar Fries doet de deur open van zijn woning in het Groningse Sauwerd. Goffe Jensma (67), geboren in het Groningse Kornhorn, is altijd in de provincie blijven wonen. Hij ziet de humor er wel van in, dat nou net een ras-Groninger zoals hij opkomt voor de Friese taal en cultuur: „Een Groninger die het Fries probeert te redden. Helaas lukt het niet.”

Na veertien jaar hoogleraarschap is Jensma vorig jaar september met emeritaat gegaan als hoogleraar Friese taal- en letterkunde. En daarmee is de laatste hoogleraar Fries in Nederland met pensioen. Want de Rijksuniversiteit Groningen (RUG) stelt geen andere hoogleraar als opvolger aan, maar een universitair docent – en die krijgt slechts een aanstelling voor twee dagen per week.… Lês fierder