Cornelis van der Wal

Mingd nijs (4): Freed giet fuort

logo.ensafh

Dat foel my rau op it dak: de wyklikse kultuerbylage Freed fan de Ljouwerter Krante sil ferdwine. It is noch net offisjeel bekendmakke, mar ik haw it út tige betroubere boarne.

De lytsachting foar kultuer by de hjoeddeiske redaksje fan de Ljouwerter is no ek wol hiel dúdlik foar it ljocht kommen.

Ik kin wol riede wat de krante hjiroer meidiele sil: se wolle de kulturele (en dus ek de Frysk-literêre) stikken tenei better ferdiele oer de oare dagen fan de wike.

It sil grif krekt sa gean as by it ferdwinen fan it kultuerprogramma de K-Rûte op Omrop Fryslân televyzje.… Lês fierder

Ynstjoerd Kerst Huisman: De Fryske identiteit is iuwenâld en is net provinsjaalsk

logo.ensafh

De âld Ljouwerter is sa stadichoan hielendal troch de stront hinne sakke. Wat in oare krant is it wurden, dit blêd, dat noch altiten mient de pretinsjeuze titel “Hoofdblad van Friesland” fiere te meien. It earste it bêste suffertsje docht it sa stadichoan better. It stik hat al yn it Dagblad van het Noorden stien, no hat it Âld Wiif (sa neamden de readen yn Fryslân ea de LC) it ek: it ferhaal fan de my oant dizze wike ta folslein ûnbekende skriuwer Gerard Stout út Peize.

Dat leit in Drinte, en dêr skine se in soarte fan provinsjale dialektstridersferiening te hawwen.… Lês fierder