Poëzy kin folle mear wêze as in aardich ekstraatsje. De Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma, lit sjen hoe’tst poëzy ynspirearjend en boartlik ynsette kinst op skoalle by it oanlearen fan feardichheden en kennisoerdracht. “Poëzy is in moaie jas dy’t altyd past, en kinst leare om dy jas sels oan te dwaan.”
Fan hjoed ôf kinne alle basisskoallen yn Fryslân fia de webside fan Dichter fan Fryslân in fergeze workshop fan de Dichter fan Fryslân boeke foar it skoaljier ’22 – ’23.
Sjoch foar mear ynformaasje by Dichter fan Fryslân… Lês fierder