Kollum Henk van der Veer: De geur fan kajapoëtoaly fermengd met manneswit

logo.ensafh

Eén fan ‘e moaiste gelúden dy’t ik ken en dy’t mij as múzyk in ‘e oren klinke is ut gelúd fan foetbalskoënproppen in un kleedkamer. De geur fan kajapoëtoaly fermengd met manneswit.
Ut geeft mij un enòrme stoat adrenaline dy’t der foar soarge dat ut gelukshormoan endorfine met groate golven bij mij naar binnen stroomt.

L6es fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Klaas van der Hoek: It poesyalbum fan Grytsje Rekker

logo.ensafh

Lykas dat fan Aaltsje Stienstra wie it poesyalbum fan Grytsje Rekker fan in famke dat gjin neiteam krije soe. De albums fan Aaltsje en Grytsje bleaunen nei harren ferstjerren net yn ’e famylje, mar rekken op ’e drift. Hoe maklik fertoarkje sokke ferweesde boekjes… Wa ûntfermet him deroer? Tsja, lit my dat dan mar dwaan.

Grietje Rekker waard berne yn Aldwâld op 19 septimber 1910, as jongste bern fan Feike Rekker (1871–1915) en Baukje Kloostra (1871–1961). Fiif bruorren en ien suster gongen har foar. Grytsje, dy’t neffens in rouadvertinsje ek Kike neamd waard, ferstoar op 19 july 1988, yn in sikehûs yn Nieuwegein.… Lês fierder

Blog Sigrid Kingma: De perfekte wurkfakânsje

logo.ensafh

Sardinië wie ûnferjitlik. Wat ha we in geweldige tiid hân! De iennichste reden dat ik der noch net oer skreaun ha, is dat ik sûnt myn weromreis noch suver gjin tiid hân ha om te sykheljen. Ik rin fan masterclass nei lêzing, fan útrikking nei foardracht, mar wol hieltyd mei it fakânsjegefoel fan doe noch yn de ûnderbúk. Wat wie it moai!

Wol in bytsje spannend dat we twa wiken foar de tiid noch neat wer heard hienen, wylst ik dochs yn maaie al hifke hie hoe’t it komme soe. Doe’t it hast misgie, ha we dochs sels mar kaartsjes boekt.… Lês fierder

Teleks: 200 jier De Lapekoer: Leauwe yn ‘e 19e iuw

logo.ensafh

Op it kongres ‘Frisian Humanities’ wiene der lêzings wijd oan 200 jier De lapekoer. Eric Hoekstra fan de Fryske Akademy hold doe in lêzing oer de tematyk dêr’t ek syn stik yn ‘Utljochte’ oer giet.

Joast Halbertsma wie dûmny by de menisten (‘doopsgezinden’), in protestantske tsjerkerjochting stifte troch de Fries Menno Simons. Yn it wurk fan Halbertsma fernimt men lykwols amper wat fan syn leauwe. Hoe kin dat?

Lês fierder by SirkwyLês fierder

Kollum Jan Schokker: Flaeijelfûgel

logo.ensafh

Gjin minske op strjitte yn Nij- en Aldhoarne, gjin auto op ’e dyk, neat gjin oerlêst, sels gjin frjemde fûgel boppe de fredige fjilden. Wy wenje yn in o sa fredich doarp, dat fan syn libbensdagen gjin deadsk doarp wêze sil. Der broeit en brûst wat. De loft trillet en men fielt, in dikke wike foar it grutte Flaeijelbarren, dat beide doarpen gâns ûnder spanning komme te stean. Yn skuorren, yn hokken en loadsen binne de minsken al tiden drok mei de tarieding fan wat nei twa jier covidleechte wer in merakels feest wurde sil.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Pier Boorsma

boekebal

logo.ensafh

 

 

ik gyng
nei it boekebal
yn ’e stedsskouboarch
de minste skriuwers
sieten op ’e heechste galerij
en sa nei ûnderen
per galerij
de bettere skriuwers
dit wie sa
in krekte wjerspegeling
fan ’e stannemaatskippij

de skriuwer
dreaun troch syn obsesjes
en finzen
yn ’e stannemaatskippij
is uterstee net frij… Lês fierder