Yn Ljouwert is woansdei de twadde Conference on Frisian Humanities begûn. Op de konferinsje binne yn trije dagen 75 wittenskiplike presintaasjes op it mêd fan de Fryske taal, Fryske skiednis en Fryske literatuer.
It giet dêrby net allinnich om Fryslân yn Nederlân, mar ek om East-Fryslân en Noard-Fryslân yn Dútslân. Sprekkers komme ûnder oare út Fryslân, Baskelân, Dútslân, Italië en Amearika.
Wichtige tema’s op de konferinsje binne Fryslân yn ‘e midsiuwen, de lapekoer fan Gabe Skroar, de takomst fan de Fryske letterkunde en it Sealterfrysk, de lytse Fryske taalfariant dy’t yn Nedersaksen yn fjouwer doarpen sprutsen wurdt.
Biografy oer Tony Feitsma
Op de earste dei giet de measte belangstelling út nei de presintaasje fan de tsjokke biografy oer professor Tony Feitsma mei as titel ‘Pionier foar it Frysk’.… Lês fierder