Lomme Schokker

Fakânsjeperikels

logo.ensafh

Dizze drûge en drege simmer gjin better plak as in pear wike útfanhúzje tusken de grouwe muorren fan in kleaster yn it Teutoburgerwald. De lêste tiid sitte my myn dreamen dwers, dy’t ik fan alle kanten ris goed beskôgje en beskikke wol. Dreamen dêr’t elk út myn fermidden fan fynt dat ik my der überhaupt net drok om meitsje moat. It hat neat om ’e hakken, sizze se, do makkest fan fearkes yn eigen eagen heule balken yn dy fan de minskheid. Ja duh, ik wol lekker sliepe kinne.

No’t de wissichheid begjint troch te kringen dat it mei my oer tsien of tweintich jier beslikke wêze sil, begjin ik mear en mear fan dy dingen te genietsjen dêr’t ik mei fertroud bin – myn moaiste boeken, foto’s, keunst, muzyk en foaral myn byinoar skarrele wysheden.… Lês fierder

Besprek Sipke de Schiffart – In running gag om te gûlen

logo.ensafh

Het titelgedicht, ‘In running gag om te gûlen’, van deze tweede dichtbundel van Sipke de Schiffart is meteen het eerste gedicht van de bundel. In het gedicht wordt een verhaal over ene Leffert Jagersma verteld. Die was eind jaren zestig met een paar anderen aan het vissen. Toen hij een vis ving, haalde hij hem niet van de haak en achter het riet liet hij de vis aan de haak stiekem direct weer in het water. Even later viste hij dezelfde vis weer op. Dat herhaalde zich eindeloos vaak, omdat er telkens om gelachen werd. Het gedicht eindigt met de strofe:

Lês fierder by besprekker Jelle van der MeulenLês fierder

Teleks: Tsead Bruinja tekenet ferhalen âldere Friezen op

logo.ensafh

Fan 6 septimber ôf lûke dichter Tsead Bruinja, muzikant Zea en fotografe Rosa van Ederen by wensoarchynstellingen yn Fryslân del om ferhalen fan âldere Friezen op te tekenjen. Bruinja begûn mei ‘Portretten in Poëzie’ doe’t er Dichter des Vaderlands wie. Troch Ljouwert UNESCO City of Literature kin it projekt no trochgean.

Tsead Bruinja wie yn 2019 en 2020 Dichter des Vaderlands. Yn jannewaris 2019 joech er in workshop oan trije âlderen yn Dokkum. Hy prate mei harren oer frijheid, it tema fan de Poëzijwike fan dat jier, en se makken dêr tegearre gedichten by. Yn 2019 wurke er it projekt út foar oare soarchynstellingen yn Fryslân.… Lês fierder

Sample Text bringt Fryske rap mei Gysbert Japicx as ynspiraasje

logo.ensafh

Under de namme Sample Text hat Pieter Zijlstra lêsten syn album ‘Gysbert’ presintearre. De jonge Koudumer brûkt bewust de Fryske taal. “Ik wol myn stientsje oan Fryske hiphop bydrage.”
Yn it Ljouwerter poppoadium Neushoorn wie de presintaasje. “It wie in moai feestje mei 150 man. Neist famylje en freonen wienen der ek minsken dy’t ik net koe. Der wie in jonge by fan in jier as tolve of fjirtjin en dy koe al myn teksten. Der binne dus minsken dy’t myn muzyk draaie dy’t ik net sels ken. Dat is in gek gefoel.”
Yn 2018 skreau Zijlstra syn earste nûmer oait, en dat die er fuort yn it Frysk.… Lês fierder

Waarom je zoveel mogelijk afwijzingen moet verzamelen als je gepubliceerd wilt worden

logo.ensafh

Je wil gepubliceerd worden in tijdschriften, bundels of een schrijfwedstrijd winnen of zelfs een boek uitgeven. Makkelijker gezegd dan gedaan, helemaal wanneer een writer’s block toeslaat of je simpelweg last hebt van uitstelgedrag. Een interessante uitdaging om met jezelf aan te gaan, is een doel zetten: Dit jaar ga ik 100 afwijzingen verzamelen…

Lês fierder by Schrijven OnlineLês fierder

Teleks: Corona dreunt noch nei yn kwetsbere kulturele sektor, op foarjûn nije seizoen

logo.ensafh

Wer as fanâlds nei it teäter, in konsert of it museum: der is wer folop keuze. It kulturele seizoen giet sneon yn Ljouwert offisjeel fan start mei it evenemint Uit in huis. ‘As fanâlds’ dus, mar de fraach is oft dat sa bliuwt, want de ûnwissichheid oer corona is net fuort.
De turbulinte coronajierren dreune noch flink nei yn de kultuersektor. De museumbesites binne noch net op it âlde nivo en de teäters fernimme dat it publyk in soad op it lêste momint in kaartsje keapet.
Boppedat is der noch de driging fan de opleving fan corona yn de hjerst en de winter.… Lês fierder

Skriuwster Janny van der Molen waard yn Moskou útnûge foar ferhaal oer Gorbatsjov: “Foar my wie hy in held”

logo.ensafh

Doe’t skriuwster Janny van der Molen yn 2011 yn Moskou wie, ferwachte se dat minsken dêr – krekt as yn it Westen – in posityf byld fan Michail Gorbatsjov ha soenen. “Mar se sjogge dêr hiel oars nei him.”
Van der Molen hie yn har boek ‘Helden’ omtinken foar ûnder oare Gorbatsjov, de lêste lieder fan de Sovjet-Uny. “Foar my wie hy in held”, seit Van der Molen. “Wat him in held makke, wie dat er besleat om net yn te gripen, doe’t it folk om feroaring frege.”
Yn Hongarije en Tsjechoslowakije barde dat earder wol: foargongers fan Gorbatsjov stjoerden dêr militêren en tanken nei ta, doe’t it folk yn opstân komme woe.… Lês fierder