Jelma Knol (eks-ensafh) hat in stikje op de ‘literêre’ site fan ensafh skreaun oer de ynterviewbondel Wêr bliuwe de froulju? fan Janneke Spoelstra. Jelma Knol fynt dat de Fryske manlike skriuwers in skop ûnder de kont hawwe moatte. It is tink ik it meast neatsizzende stikje op ensafh fan 2025. En dat seit wat.
Knol hat it oer ‘in yndrukwekkende, erudite stúdzje, grôtfol analyzes, literatuerferwizings nei stúdzjes oer de rol fan de frou yn de literatuer, de posysje yn oare taalgebieten en boppedat moaie, djipdollende ynterviews mei tsien dichteressen’. Mar wêrom’t Knol dit sa’n yndrukwekkende stúdzje fynt, dêr moatte wy nei riede.… Lês fierder