Wêrom hat Fryslân gjin eigen kultuerfestival?

logo.ensafh

In wike lang stiet de Welshe taal, kultuer, literatuer en muzyk sintraal op it festival Eisteddfod, dat ferline wike organisearre waard en it grutste kulturele festival fan Europa is. Wêrom hat Fryslân eins net sa’n festival?
Keunst, kabaret, dûns, lêzingen, workshops, taalkursussen, teäter, nim it mar op. En dat allegear yn it Welsh. Eisteddfod is tige populêr ûnder jong en âld en luts dit jier mear as 150.000 besikers.
Dêrby wurdt it festival alle jierren op in oare lokaasje yn Wales organisearre, sadat it foar eltsenien tagonklik is. Spesjaal foar de jongerein wurdt op in oar momint yn it jier noch los it Urdd Eisteddfod holden.… Lês fierder

Blog Johan Veenstra: Moard oan ‘e Monsmawei

logo.ensafh

Vanaovend is in Berkoop in et kader van Eupen Stal et pergramme Piano & Poëzie. Ik hadde daor an mitdoen zuld, mar de dokter in et ziekenhuus raodde me dat vleden weke of. Ik mos eerst wat beter anstarken veurda’k weer optredens doen zol. Et spiet me slim veur mezels en de meensken die me daor vanaovend verwaacht hadden. Ik hebbe begrepen dat Christine Mulder daor now wark van mi’j veurlezen zal. Et wodt grif wel een hiele mooie aovend.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Teleks: Wa winne De Gjalp? 

logo.ensafh

Wa winne  De Gjalp? 

Under de namme De Gjalp hawwe Ensafh, de Moanne en  RIXT yn juny twa iepen oproppen foar skriuwers en dichters  presintearre. Makkers koene harren wurk ynstjoere foar  publikaasje én presintaasje op it Noardlik Film Festival,  dat fan 5-9 novimber 2025 organisearre wurdt. 

De selektearre dichters en skriuwers sille bekend makke  wurde op tongersdei 21 augustus fan 12.00 – 13.30 oere  yn it Bouwurk op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert.  Ynrin om 11.30 oere. Deputearre Eke Folkerts makket  de nammen dan bekend, de presintaasje is yn hannen  fan dokumintêremakker en sjoernaliste Karen Bies.  De winnende dichters sille harren fers foardrage.Lês fierder

André Looijenga: Santjin nije Midfryske teksten

logo.ensafh

Wat is eins it ‘Midfrysk’? En watfoar teksten waarden der yn dy taal skreaun? In krekt ferskynde lytse samling ‘nij ûntdutsen’ Midfryske teksten jout dêr in moaie yndruk fan.

Ut en troch komme der noch ûnbekende teksten oan it ljocht yn it Frysk fan trije- of fjouwerhûndert jier lyn. Yn it nijste nûmer fan it wittenskiplik tydskrift Us Wurk stiet in bydrage fan Philippus Breuker mei santjin Midfryske teksten, dy’t sûnt 2008 bekend wurden binne.

Lês fierder by FrisistykLês fierder

Piter Boersma

Twa kaën

logo.ensafh

 

 

 

Dit gedicht stiet yn de gedichtebondel In wjukslach tsjin ’e blauwe loft fan Piter Boersma. Dizze bondel komt yn septimber/oktober út by útjouwer Hispel.

TWA KAËN

twa kaën tripkje
troch de keale foartún
pikke yn ’e grûn

se tripkje pikke
twa kaën yn ’e foartún
al tulpeblêden

tripkje en pikke
de grize achterhollen
tsjin de swarte grûn

twa kaën pikkend
de grize achterhollen
dan wer tripkjend

in spantsje kaën
even yn it foartúntsje
fleane alwer op… Lês fierder