Teleks: Ryksoerheid net fan doel om mear foar it Frysk te dwaan

logo.ensafh

De Nederlânske Ryksoerheid is bêst tefreden oer it eigen belied foar it Frysk. De swiere ynternasjonale krityk dêrop wurdt lykwols net op yngien.

Ferline jier oardiele de Ried fan Europa dat Nederlân te min die oan de útfiering fan it Europeesk hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden (link). Dat is in Europeesk ferdrach dêr’t lannen yn tasizze dat se goed soargje sille foar har minderheidstalen. Foar it Frysk hat Nederlân konkrete tasizzings dien, foar it Nedersakysk, Limburchsk, Jiddysk en Romanes is der in ûndúdlike ynspanningsferplichting.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Blog Daam de Vries: Natuerlik gedrach

logo.ensafh

Wy libje yn in och sa bysûnder lân. Om dat net al te bot opfalle te litten hawwe wy it der leaver oer hokker dwazen Sjinezen en Russen binne, dan hoecht ús eigen idioaterij de dyk net oer. Wy meie it iene ek noait mei it oare ferlykje, dan wurde jo al gau foar gek ferklearre.

Op 5 april 2020 wie der in tweet dêr’t yn steld waard dat it faaks, de krisis yn acht nommen, in goed idee wie om dat jier gjin fakânsjejild út te kearen. Dat klinkt oannimlik en ferantwurde.

Lês fierder by Daam de VriesLês fierder

Greet Andringa

Pearse wyn

logo.ensafh

Sûnt in pear jier bin ik frij fanatyk dwaande út te finen wat ik allegearre kin mei wat der by ús op it hiem groeit. Myn fernaamste ynteresse is: is der wat ytbers fan te meitsjen? Fan ’e wike foel myn each op de nageltsjebeam, of miskien wie it myn noas. Guon roken freegje der ommers gewoan om om dêr yn te biten.
Wylst de driprein op it skerm fan myn mobyl foel, tsjoenden google, ecosia en pinterest rûkersguod en sjippe foar it ljocht. Myn oerlibbingsynstinkt waard no net dalik waarm fan it idee fan skûmbekjen. Fan de blomkes troch it slaad of de yoghurt waard it mar in lyts bytsje better.… Lês fierder

Blog Johan Veenstra: Plechtighied in et Peleis op ’e Dam

logo.ensafh

1 juni – 17.00 – Ik zal op vri’jdagmorgen om kwat over achte ophaeld wodden mit de taxi. Dat bericht kwam gister. Iederiene kan de plechtighied in et Peleis op ’e Dam op livestream volgen. Kiek mar op www.cultuurfonds.nl en dan klikken op Zilveren Anjer en dan wiest et him vanzels. Et begint om elf ure. D’r kwammen gister ok fielsetaosies van Anneke en Gerhard uut Zwitserlaand! En ok vandaege kwammen d’r nog kaorten en alderhaande loslopend volk in Wolvege en hier in et dörp het me fielseteerd!

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Teleks: Poetry International mei Nyk de Vries en Artvark livestream yn De Lawei

logo.ensafh

Op snein 6 juny om 16.00 oere bringe de Nederlânsk-Fryske poëzij-muzykproduksje fan Artvark en Dichter fan Fryslân Nyk de Vries in foarstelling mei in livestream (try-out) yn De Lawei yn Drachten. Yn opdracht jûn troch Poetry International. De muzikale fleksibiliteit fan Artvark en de fertellende krêft fan de poëzij fan Nyk de Vries ûnthjitte in bysûndere teatrale ûnderfinging. In ûnderfining dêr’t taal en muzyk inoar yn drage, fersterkje en gearfloeie yn in poëzij-muzykproduksje dy’t fierder rikt as it fermogen fan de taal en de muzyk ôfsûnderlik: Glass meets Tom Waits / Nick Cave.

Lês fieder by It NijsLês fierder

Blog Henk van der Veer: Tiden hewwe tiden

logo.ensafh

Ja, ut seit alle 50-minners miskyn niks mear su’n titel. Nou dat is dan mar su. Wat ik sêge wú. Toen wij stadsjonkjes un halve eeuw leden foar ut earst in anraking kwamen met kyndes fan búten was dat ok foar un hele soad de kennismaking met ut Frys.

Dat fonnen wij eigenlek mar un bitsje apart. We seiden dan in de earste week fan de ulo toen al dy klasgenoaten út Nijlaan. Goënga & Su bij oans skola kwamen letterlek: ‘Hé jong must fatsoënlek prate! In ut Snekers!”

Lês fierder by Henk van der VeerLês fierder