“Nearnewâld” foar alle eksamenstudinten Frysk!
It Skriuwersboun, de feriening fan en foar Fryske Skriuwers, Oersetters, Sjoernalisten en oare Publisisten, jout alle learlingen fan middelbere skoallen dy’t dit jier it Frysk eksamen dogge in kado!
Hja krije it jubileumboek ‘Nearnewâld’, mei bydragen fan 45 skriuwsters en skriuwers. Laurens Bontes makke in tekening fan in tinkbyldich Frysk doarp mei allerhanne nijsgjirrige details. By dy tekening makken de auteurs koarte ferhalen en gedichten, meast yn it Frysk, mar ek yn oare yn Fryslân sprutsen talen. Yn 2019 bestie it Boun fyftich jier, en dat waard fierd mei û.o. dizze spesjale útjefte.
It boek biedt in prachtich priuwke fan wat de leden fan it Boun kinne, in stalekaart fan de aktuele Fryske literatuer.… Lês fierder