Taryf en koers
i.
goalera, boadskipper fan bedjer
foel ien op ’e hûd as it sa beskikt wie
sels in bern dat troch de hoeven gie
der is altiten wol in sûnde te finen
Lês fierder by RIXT… Lês fierder
Taryf en koers
i.
goalera, boadskipper fan bedjer
foel ien op ’e hûd as it sa beskikt wie
sels in bern dat troch de hoeven gie
der is altiten wol in sûnde te finen
Lês fierder by RIXT… Lês fierder
Wy meie yn ús lân net diskriminearje, dat stiet no ienkear yn de grûnwet. It hat al bliken dien dat it kabinet en in moai grut part fan de opposysje it net nedich fynt har oan dy grûnwet te hâlden oft dat har better útkomt mar dat is ûnderwilens in passearre stasjon en breed akseptearre.
Bliuwt stean dat wy noch hieltyd net diskriminearje meie. Net op grûn fan de hierlingte, net op grûn fan de brûkte kleur neillak en net op klaaiïnge, sis mar de dingen dy’t mei in timmermanseach waar te nimmen binne. Mar ek net op grûn fan seksuele aard.… Lês fierder
FERSpraat
Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, siket twa minsken om mei him ien kear yn ’e moanne in gedicht te lêzen en it der koart oer te hawwen. Dat kin sawol in Nederlânsk- as in Frysktalich gedicht wêze. De bedoeling is om alle kearen in koart petearke te hawwen oer it oanbelangjende fers. Alles is stof ta FERSpraat!
De opnames binne yn Streekargyf Noardeast-Fryslân en wurde útstjoerd troch RTV NOF yn it programma Weekend Nieuwsshow. Minsken út ’e gemeente Noardeast-Fryslân kinne harren opjaan fia Tigchelaar syn mailadres: gearttigchel@hotmail.com
Geart Tigchelaar is fan 2021 oant 2023 Streekdichter fan Noardeast-Fryslân. Hy skriuwt yn dy funksje net allinnich gedichten, mar wol teffens besykje poëzy troch ûnderskate projekten (mear) ûnder de oandacht te bringen.… Lês fierder
As der ien wurd meidwaan sil oan wurd fan it jier 2021, moat it wol hast ‘sensibiliseren’ wêze. In wurd dat troch CDA-foaroanman Wopke Hoekstra útsprutsen waard doe’t se it oer it hast iennichste lid fan de Twadde Keamer hienen dy’t syn wurk goed docht, nammentlik Pieter Omtzigt.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
De titel fan ’e debútbondel fan Joël Hut is börtersgrut. De boarters binne grut, sa lês ik de titel. It liket ek wat op ‘boartersguod’. Boarterij foar grutte minsken?
De bondel is yn trije skiften ferdield: ‘spul. wat der is’, ‘spul. wat der spile’ en ‘spul. wat der spile is’. Giet it yn it earste skift om ‘spul’ yn ’e sin fan guod? Yn it twadde en tredde om it spyljen fan spultsjes, it spile hawwen fan spultsjes? We sille sjen.
Elk skift hat 8 gedichten. Der wurdt boarte mei taal, dat is al gau dúdlik, de taal fan ’e Súdwesthoeke.… Lês fierder
Tiisdei sieten wy foar de deadebetinking en ek al makket it alle kearen yndruk, dochs sjoch ik it programma net altyd hielendal út. De útstjoering wie wer in formeel barren mei blommekrânsen, foardrachten en wichtige en steatlike minsken dy’t dreech seagen. Mar dizze kear bleau ik al hingjen en dat kaam troch André van Duin.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
De Ried fan de Fryske Beweging is min te sprekken oer it plak fan it Frysk yn it magazine Fuotten yn it Fean. De Ried hat dêr in brief oer stjoerd nei de Provinsje, de opdrachtjouwer fan dat magazine.
Hijrby de tekst:
Lês fierder by It Nijs… Lês fierder