Hout en stien binne boumaterialen dêr’t we meikoarten grutte steapels fan nedich ha. De polityk wol ommers sa’n 220.000 huzen yn de noardlike provinsjes bouwe. Alteast, dat moatte dy provinsjes goedfine as se bettere ferbiningen mei de Rânestêd ha wolle. Dêr stiet fansels foaroer dat aardich wat minsken út de Rânestêd wei har hjirre nei wenjen sette en dan thús foar de kompjûter sitte of yn de Rânestêd binne. Dy huzen sille earst en meast boud wurde op plakken dêr’t stasjons binne, dus op ’e Lemmer, op It Hearrenfean en yn Drachten. De doarpen dêromhinne wurde grif foarstêden fan de neamde plakken.… Lês fierder