Teleks: Petear mei Nienke Jet de Vries

logo.ensafh

Har grutte dream wie om toskedokter te wurden, mar doe’t se nei de middelbere skoalle ta trije kear útlotte waard foar de oplieding Tandheelkunde, moast de no 30-jierrige Nienke Jet de Vries út Burgum wat oars betinke. Dat wie al efkes pittich, mar fia in omwei foel har each op it Frysk en spesjalisearre se har yn har memmetaal. Nei har stúdzje koe se op har staazjeplak by provinsje Fryslân fuort oan it wurk. Sa’n seis jier is se no beliedsadviseur Taal & Underwiis. “Myn kennis fan de Fryske taal en kultuer brûk ik alle dagen.”

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: Lelylijn: Optimisme feroaret yn pine yn de holle

logo.ensafh

Optimisme is in moai wurd. Der sprekt hoop út. Optimisme makket ús dagen lichter en soarget foar in gefoel dat we dingen oankinne. In positive vibe, yn nijmoadrich jargon. Mar der is ien grutte útsûndering by it brûken fan it wurd optimisme. As je it yn hannen jouwe fan plannemakkers. Dan feroaret optimisme geregeld yn pine yn de holle.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Oersettingen fan berneliteratuer troch Tiny Mulder

logo.ensafh

Foar in auteur as Tiny Mulder dy’t graach kreatyf mei taal omgie, genoat fan it boartsjen mei taal, binne der net allinnich mooglikheden yn eigen wurk. Wurk fan ‘soartgenoaten’ lykas James Krüss en yn it bysûnder Lewis Carroll biedt dan likegoed in útdaging.

– Troch Jant van der Weg

De earste, Krüss, ferkeart boppedat ek wat yn ‘e famylje. As Helgolanner heart er ta de Fryske taalfamylje, hoewol’t er foaral yn it Dútsk skreau. Fanwegen har persoanlike kontakt mei him fielde Tiny har troch him ynspirearre yn har wurk, spesjaal yn dat foar bern. Oersetten is dan fansels in opsje. Syn boek Mein Urgrossvater und ich (1959), dat him op Helgolân mei syn Oberland en Unterland ôfspilet, dage har taalfeardigens út.… Lês fierder

Kollum Hilda Talsma: Only Fans Uncovered

logo.ensafh

Op Videoland is in dokumintêre oer dat OnlyFans. Ik haw der alris earder oer skreaun omdat Ferry Doedens dêrmei yn it nijs kaam, ommers. En omdat ik net nijsgjirrich bin, fierder, woe ik dy doku wol efkes sjen. Dochs haw ik him net hielendal útsjoen, want geandewei de earste ôflevering wie ik der op in bepaald momint wol klear mei.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Henk Nijp

City of wat….?

logo.ensafh

Wy befine ús hjoed yn it ‘Gemeentekantoor Leeuwarden’, ja dat gebou by de Aldehou. It is yn de iere maitiid 2021, mar it is kâld, geduerich falle der maartske buien en sa no en dan is it plein foar it gebou oer folslein wyt fan ‘e hagelstiennen dy’t ek noch yn ‘e flecht, yn hechte gearwurking mei de wyn, de ruten dêr tamtearje. It is noch lang gjin maitiid sa as maitiid bedoeld is. Men soe der waarsiik fan wurde.
It is stil yn it gebou, want der hearsket noch hieltiten koroana; dêr sit ek al gjin skot yn.
In protte amtners wurkje thús, meie net iens op it wurk komme en hja ‘zoome’ hiel wat ôf.… Lês fierder