Kollum Aant Mulder: De stavering is wat it is!

logo.ensafh

It is wer safier, de staveringen yn ús beide lânstalen moatte wer feroare wurde. Dat binne alteast guon fan ús fan betinken. It moat dúdliker, sadat bern yn hieltyd minder tiid hieltyd better leare te lêzen en te skriuwen. It aardige is dat yn beide talen minsken binne dy’t sokke feroaringen foarsteane. Der moat in ienfâldiger stavering komme. Dat soe it aai fan Columbus wêze, tinke de foarstanners. De pommeranten dy’t feroaringen wolle, ha lykwols gjin omtinken foar oare taalswierrichheden. Op skoalle moatte hieltyd mear talen leard wurde, wylst der troch hieltyd mear fak- en foarmingsgebieten hieltyd minder tiid foar beskikber is.… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: De goddelijke tragedie

logo.ensafh

De goddelijke komedie fan Dante Alighieri, in klassyk dichtwurk út it begjin fan de 14e iuw, krijt in nije oersetting. Utjouwer Blossom Books mikt dêrmei op in jonger publyk. Yn De goddelijke komedie giet de haadpersoan del yn de Hel, it ivige ynferno, dêr’t er it lot fan ferskillende histoaryske personaazjes oanskôget. De Hel is in groulik plak, dêr’t elk krijt wat him takomt. Karma is a bitch, soe hjoed-de-dei sein wurde.

By Dante sit ek de profeet Mohammed yn de Hel. Behalve yn de ferzje fan Blossom Books. Dêr is de profeet samar út de tekst ferdwûn, en alsa ek út de Hel.… Lês fierder

Jelma Knol

Ferdwaald tusken Bakhuzen en Hoonhorst

logo.ensafh

Jetske Bilker docht yn har nijste roman Spegel en sonde eat dêr’t se bysûnder goed yn is: se leit op in hast comedy-achtige wize it libben bleat fan minsken út kreative beroppen dy’t frjemd geane en soks kamûflearje mei in soad foarsoargen en sa nedich ligerij. Dat docht se op in lichte toan, de karakters fan en de ûntwikkelingen tusken de personaazjes wurdt fierhinne helder yn de dialogen en de plot stekt bysûnder knap yninoar.
Der falt dan ek hiel wat te gnyskjen om de tûkelteammen fan de personaazjes. Diskear is de readhierrige, 55-jierrige Pippy Doutsen van der Hoop, in toskedoktersassistinte dy’t oan de Gerrit Rietveld Akademy studearre hat en ea in suksesfolle keunstneres wurde soe, de haadpersoan.… Lês fierder

Teleks: Johan Veenstra eareboarger “Ik wete zeker da’k vannaacht niet slaopen zal”

logo.ensafh

Skriuwer Johan Veenstra út Nijeholtpea is troch de gemeenteried fan Weststellingwerf beneamd ta eareboarger fan de gemeente. Veenstra skriuwt al fyftich jier yn it Stellingwarfsk. Hy wie nei it gemeentehûs lokt om de gearkomste ôf te sluten en waard dêr troch boargemaster André van de Nadort oerfallen mei it nijs.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Bücherschau des Tages

logo.ensafh

Bewegt liest der DlfKultur Dulce Maria Cardosos Roman “Die Rückkehr”, der von der Vertreibung einer portugiesischen Siedlerfamilie aus Angola erzählt. Feinfühligkeit und genaues Beobachten würdigt er auch in Helge-Ulrike Hyams’ Bericht “Denk ich an Moria” und Elisa Diallos Rückblick “Französisch verlernen”. Kühn findet der Dlf Vitomil Zupans Partisanenroman “Menuett für Gitarre (zu 25 Schuss)”. Die SZ liest in dem Sammelband “Klasse und Kampf” nach, wie es ist, in Deutschland arm zu sein.

Lês fierder by PerlentaucherLês fierder