It kin net, dêr moast ik oan tinke doe’t ik de ferhalen oer de boekewike lies. De lanlike boekewike gie net troch, alteast no net, net op dit stuit. It kin dus net, om’t troch koroana gjin gearkomsten mooglik binne. Dy boekewike waard útsteld oan de simmer ta. De Fryske boekewike gie wol troch. It kin net (mei ‘net’ as in hollanisme foar ‘krekt wol’). Deselde wize fan sizzen foar twa ferskillende situaasjes. De iene boekewike gie net troch, de oare al. Ik soe hast sizze: sykje de ferskillen. Dat doch ik mar net, want dy wiene der eins net.
Lês fierder by It Nijs… Lês fierder