Teleks: A surprising list of recently banned books

logo.ensafh

In 213 BC, the great Chinese emperor Qin Shi Huang buried 460 scholars alive before burning all the books in his kingdom so he could control how history would remember his reign.

Of course, since there were no books or scholars left to record the event, the exact details of this episode remain contested. But the point is, as long as books have existed there have been people trying to stop other people reading them.

Indeed, by 1982, so many books were being challenged in the United States that several free-speech organisations banded together to start Banned Books Week, which runs from 22-28 September.… Lês fierder

Blog Jaap Slager: Untfrysking

logo.ensafh

Stel: Jo namme is Schaafstal. Mar de oerheid hat yn syn wiisheid besletten en neam jo Soepboer. En dat is fan dy gefolgen dat jo foar alleman en de wrâld Soepboer binne.
Mar no komt it …
Jo hawwe it nei in libben fan strideraasje mei oerheidsynstellings yn streken dat jo foartoan by jo wiere namme neamd wurde sille. En dan krije jo de rekken thús … Jawis, dan binne jo grif in “goeie politicus als je zegt: dit hebben we misschien niet goed gedaan”, mar it soe neffens my fan piid yn ’e rêchbonke blyk jaan as jo sizze soene: “Dy’t it ûnrjucht feroarsake hat, moat ek de skea betelje!”… Lês fierder

Blog Wobbe Atsma: twaspjalt

logo.ensafh

De mûne stiet op ’e weau en mealt. It wetter sakket, mar it measte part fan it fersûpte polderlân eaget lykwols as in grutte sompige, blikke. It raffelich reid besiket noch wakker de trochsêde petgatten yn de stringen te hâlden.
Keppels guozzen skrasse harren rûte yn de loft en skeare mei it lûd fan in pandekselsonate yn sostenuto oer de keale krite. Manmachtich delstrutsen frette se har sêd oan it subsidiearre boeregers. Swannen driuwe as soargeleaze slachskippen by twaen yn de spegelglêde sletten. Gjin mins of bist dy’t har te nei komt.

Lês en sjoch fierder by Wobbe AtsmaLês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: Fryslân yn 2032

logo.ensafh

Yn it noarden fan Nederlân wenje tusken de oardel en twa miljoen minsken. Allegearre yndividuën mei in eigen wize fan tinken. It blykt dat de Friezen harren net fertsjintwurdige fiele yn de nasjonale polityk. Dit soe it oardiel wêze nei oanlieding fan in ûndersyk dat de trije regionale omroppen dwaan litten ha ûnder 1123 minsken. Eh, hoe represintatyf is dat dan, mar klear. Op himsels is de útkomst net daliks om wekker fan te lizzen, want hoefolle politisy út it noarden sitte der no hielendal yn Den Haag?

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Tresoar siket nije direkteur

logo.ensafh

De kulturele organisaasje Tresoar yn Ljouwert siket in nije direkteur. De sittende direkteur Bert Looper giet ynkoarten mei pensjoen. Tresoar is ien fan ‘e wichtichste organisaasjes foar de Fryske taal en kultuer. De provinsjale bibleteek en it eardere Frysk letterkundich museum meitsje der diel fan út.

Lês fierder by It Nijs. Dêr stiet ek in link nei de fakatuere.… Lês fierder

Reinold van Oevering

bestimming

logo.ensafh

 

 

we wisten net wat we moasten
mei mem,
oant it begjin febrewaris
begûn te snijen

yn ús strjitte foel tsien sintimeter,
de snie bleau lizzen,
waard plattrape,
de stoepe waard sjippeglêd

doe hat Johannes de jiske
struid fan nûmer 34
oant nûmer 66

by har libben liet mem
net oer har hinne rinne… Lês fierder