Teleks: Q&A: 6 fragen oan Hilda Talsma, skriuwster fan it Frysk Kadoboek

logo.ensafh

De ôftraap fan de Fryske Boekewike wurdt sneon 6 maart om 20.00 oere útstjoerd by Omrop Fryslân op telefyzje. Haadgast fan de jûn is Hilda Talsma. De skriuwster skreau Lockdownleafde, it kadoboek fan de Fryske Boekewike 2021. Wat makket in Frysk boek no in góed Frysk boek? Wêrom is dy Fryske Boekewike wichtich en is it eins net gewoan in bytsje saai? Wy leinen de skriuwster seis fragen foar.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Anne Feddema

Leech en liddich

logo.ensafh

Dêr sit jimme kollumnist dan…efkes neat mear om hannen. Dat is fansels net werklik wier, der moat hoe dan ek in kollum komme en de kabouterkes dogge it net. Miskien hawwe je nammers wol kabouterkes dy’t literêre aspiraasjes hawwe, mar ik ken se net. Alsa, as jimme wol ien witte?…stjoer mar nei Ensafh. Jimme moatte it begjin eins lêze as: hjir sit de byldzjend keunstner Anne Hendrik Berend Feddema. Der komt in tentoanstelling oan en hy is klear (dermei)…hy soe bliid wêze moatte en dûnsje en sjonge wolle, mar sa wurket it net, hy is sels wat swiersettich. Soe der eat ferkocht wurde?…soe… Lês fierder

Blog Jaap Slager: Taalbewâld

logo.ensafh

Taal is in natoerprodukt. En sa moat it neffens my ek bewâlde wurde. En dus net tewâde. Alhoewol’t dat dei en wei al de wize is dêr’t wy mem natoer mei behannelje — wy plichtsje mei hoazzen en skuon oer har hinne te skonkjen [☹]

Wat ik krekt bedoel mei taalbewâld?

No, lit my begjinne mei te sizzen wat ik dêr net mei bedoel.
Ik bedoel der net mei, hoe’t Hollanners har taal sloere litte. Hollanners hâlde útferkeap; hja wannelje geef Hollânske wurden foar Ingelske. Wannel is hannel, sizze se, en hannel is wannel.

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

Kollum Aant Mulder: Wappy, ús Fryske Loesje

logo.ensafh

De ynternasjonale memmetaledei is alwer âld nijs. Dy dei, ynsteld troch de UNESCO wie op snein 21 febrewaris. It is goed dat der sa omtinken foar memmetalen is, mar oft it folle seadden oan ‘e dyk set, dat betwivelje ik wolris. Dy memmetaledei waard foar de earste kear yn it jier 2000 holden mei as doel memmetalen yn eare te hâlden en om sa taalkundige en kulturele tradysjes fuortbestean te litten mei in protte omtinken foar meartaligens. It opskuor om it Bingaalsk hinne yn 1952 wie oanlieding ta it ynstellen fan dizze dei.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Vries is ook een taal, ja hoor

logo.ensafh

It ynterview mei Gerben fan Snits gie oer it feroarjen fan syn achternamme. Oer de redenen foar it nimmen fan sa’n yngripende beslissing. Syn relaas draaide benammen om de gefolgen fan geastlike mishanneling en ferwaarleazging. Foar him de oanlieding om yn 2005 mei in nije achternamme troch it libben te gean. Hy die syn ferhaal om’t er lêzen hie dat yn coronatiid, dêr’t gesinnen út need byinoar op ‘e lippe sitte, bern faker mishannele wurde. By dy berjochten miste er it aspekt fan geastlike mishanneling. Dêr hie er, as ien dy’t wit wêr’t er it oer hat, in melding fan makke by it Regiecentrum Bescherming en Veiligheid yn Ljouwert.… Lês fierder