Kollum Ferdinand de Jong: Ines Pultrum

logo.ensafh

De misdied dy’t myn frou en ik jierrenlang begien ha, is grif ferjierre. Boppedat wisten wy it net, dus hjirby ús bekentenis. Yn de tiid dat de gemeente Smellingerlân noch gewoan Smellingerlân hjitte en net sa nedich tige betiizjend mei de namme Drachten pronkje woe, kaam der in jong stel te wenjen yn Boarnburgum. Dat stel wie myn frou en ik.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Mistress Bradstreet Stanza: Poetic Form

logo.ensafh

Poetic Form Fridays are made to share various poetic forms. This week, we look at the Mistress Bradstreet stanza, an invented form of John Berryman.

I found this week’s poetic form tucked away in John Drury’s The Poetry Dictionary (between the Fibonacci and paradelle). In it, he cites John Berryman as the inventor of the form.

Lês fierder by Writer’s DigestLês fierder

Blog Koos Tiemersma: Dea spoar

logo.ensafh

Wy skriuwe 1975. Mei in farske beneaming oan de Ds. Griffijnskoalle yn ’e bûse setten wy ta op Kollumersweach. Der moast ommers in hûs útsocht wurde, sa’t master Wiersma ús te witten dien hie. Dat ‘útsykjen’ moast letterlik nommen wurde, begriepen wy doe’t it ‘Hoofd der School’ ús in rûnlieding joech troch in fikse nijbouwyk dêr’t noch amper in hûs fan bewenne wie.

Lês fierder by Koos TiemersmaLês fierder

Kollum Hilda Talsma: De wolf en de earrebarre

logo.ensafh

Ik wie fan ‘e wike in blok om mei myn suske Nynke en ús hûnen en doe sei ik dat ik eins noait mear in hazze yn it lân sjoch. Sadree’t ik bûten it doarp wie, scande ik earst altyd alle stikken lân om de hazzen earder te sinjalearjen as myn hûnen, mar sûnt in skoft sjoch ik gjin lange earen mear boppe it gers út kommen en boartsje se ek net mear yn it lân. Ik frege my ôf hoe’t dat dochs koe. ‘Miskien wol troch de earrebarren’, sei myn suske.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Voice Challenge Nederlânsk – Frysk

logo.ensafh

Voice Challenge Nederlânsk – Frysk

De Hogeschool van Amsterdam, Rijksuniversiteit Groningen en Mozilla Common Voice organisearje tusken 15 en 22 jannewaris 2021 in Voice Challenge Nederlânsk-Frysk.
It doel is om yn in wike sa folle mooglik Nederlânske en Fryske stimmen te sammeljen.
Troch op de Common Voice-website [1,2] sinnen yn te sprekken en opnamen fan oaren te falidearjen, learsto in kompjûter hoe’t in gewoane Fries of Nederlanner sprekt. Sa helpsto mei in Fryske en Nederlânske iepen boarne spraakdatabase te bouwen.

Sjoch foar mear ynformaasje by conversational.amsterdamLês fierder