Jelma Knol

Yn plak fan de desimberkollum

logo.ensafh

 

 

Dit wie it jier fan
eangst, ôfstân hâlde, hûdhûnger
ferlet fan in praatsje
it jout net mei wa

trije tuten komme net werom
mûlkapkes bliuwe
mei seare fingers
jou my eachkontakt
in sêfte stim

ik kin minsken feroarje
seit in âlde freondinne
se lûkt al tritich jier oan
deade hynders

lit se drave, fjouwerje
frijheid is in moai wurd… Lês fierder

Party Like It’s 1925 On Public Domain Day (Gatsby And Dalloway Are In)

logo.ensafh

What a year it was for Anglo-American literature and the arts!

1925 was the year of heralded novels by F. Scott Fitzgerald and Virginia Woolf, seminal works by Sinclair Lewis, Franz Kafka, Gertrude Stein, Agatha Christie, Theodore Dreiser, Edith Wharton, Aldous Huxley … and a banner year for musicians, too. Bessie Smith, Ma Rainey, the Gershwins, Duke Ellington and Fats Waller, among hundreds of others, made important recordings. And 1925 marked the release of canonical movies from silent film comedians Buster Keaton and Harold Lloyd.

Lês en sjoch fierder by NPRLês fierder

Kollum Aant Mulder: Flagge ferkeard

logo.ensafh

No’t ik yn it nije jier nochris weromsjoch nei ’t âlde, komme bylden fan flaggen my yn ’t sin. No binne flaggen fan alle tiden, mar likegoed ha ik it gefoel dat ferline jier mei flaggen dingen barden dy’t nij wiene. Guon siswizen kamen my by dat weromsjen yn ’t sin. Dat stiet as in flagge op in dongpream. Dat jilde foar myn gefoel fan en ta foar it flagjen sels. Der waard ek ûnder falske flagge fearn. De flagge duts ek lang net altyd de lading. Guon minsken lieten de flagge ek raar oer guon dingen waaie, seine en diene aaklike dingen.… Lês fierder

Teleks: Noardlike biblioteken ha it drok mei ‘boeke-ôfhelservice’

logo.ensafh

Offisjeel binne se ticht, mar de biblioteken yn Noard-Fryslân ha it op dit stuit tige drok mei harren ‘ôfhelservice’. No’t de leden net sels mear troch de biblioteek strune kinne, bestelle se de boeken digitaal. De ôfrûne wiken kamen allinne yn de noardlike biblioteken al mear as 1.400 oanfragen binnen.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Jaap Slager: Begrutlik

logo.ensafh

In man ûntfangt fia WhatsApp dizze tekst fan ’e buorman:

‘It spyt my och sa, Jan Willem, it begruttet my oan ’e teannen ta en ik woe it earst net rjucht wêze, mar it hege wurd moat derút. Ik moat dy opbychtsje, ik haw dyn wiif brûkt. Net ienris of twaris, mar nachts en deis — alle kearen asto net by honk wieste. Feitliken faker as dosels.

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder