Henk van der Veer

Loadsboat

logo.ensafh

 

 

in ut dústere water fan de stadsgracht
achter de statege heilege Martinuskerk
leit de Loadsboat, ankerplak foar
fòlk dat hunkert naar liefde en geburgenheid

se hewwe gyn ferlet fan lege holle folsinnen
nee liëver Jan Brandsma- Sneker engel sonder fleugels-
dy’t un immer bemoedegend woard het
like kostber as de duurste mirre en wierook

krekt even anders as soetsappege ferskes
midden in de winternacht en romantisearde herders
-al is dêr fanself op syn tiid ok niks mis met-

dêr in ut dústere water fan de stadsgracht
leit de Loadsboat ankerplak foar dakloazen
wêrfan’t we dachten ‘lauloëne dy binne der
in Sneek tòch nyt?’… Lês fierder

Teleks: Nij webstee oer it Sealterfrysk presintearre

logo.ensafh

Hjoed is yn it riedhûs fan Sealterlân it webstee Seeltersk.de oan ‘e parse presintearre. Op it webstee is in protte ynformaasje te finen oer de Fryske taal fan it Sealterlân. De presintaasje waard dien troch Thomas Otto, de boargemaster fan Sealterlân, en Henk Wolf, wittenskiplik meiwurker foar it Sealterfrysk by it Oldenburger Lânskip. Wolf hat it webstee makke en sil it beheare.

Boarne: It NijsLês fierder

Kollum Eelke Lok: Fuort

logo.ensafh

Kryst is de tiid om oer dit kloatejier 2020 nei te tinken, we ha dochs neat oars te dwaan. Einkonklúzje: we meie dan wol net fan it plak, mar der bin likegoed in soad dy’t fuort moatte.

Yn elk gefal de kening. Twa kear ferûntskuldigingen foar eigen dom reisgedrach oanbean. At je no nóch net witte dat je in foarbyldfunksje ha, dan funskjonear je net. Lit we dan ek mar, sjoen de kosten, it hiele keningshûs op’e dwinger smite. Dy Bernhard kin it spul wol ûnderhâlde fan wat wy him oan hier betelje.

Lês fierder by Eelke LokLês fierder

Blog Jaap Slager: Aldehou om utens

logo.ensafh

Hawwe jimme dat ek op it heden? Ik hoech mar in nijsfideoclip op myn iPad te starten, bygelyks op CNN, of ien of oare Jodokus mei in wakker nuvere diksje ropt fuort: “Klaar voor ’t avontuur? Je hebt een broek nodig…”

Foarst, hoe kriget er it yn ’e plasse dat ik, as ik mei myn iPad op ’e skurte op ’e bank delplak, klear wêze soe foar it aventoer? Twads, mient er no echt dat ik, as ik klear bin foar in aventoerke, de doar út fljuch yn ’e bleate kont? Sa fan: “Spread ’m!”

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

Blog Klaas van der Hoek: Poste restante XXXIII

logo.ensafh

Aan Algera wie mar in koart mantsje. Neffens de milysjeregisters – sekuer oant op de milimeter – wie er 1,619 meter heech. Mar dat wie genôch om goedkard te wurden foar militêre tsjinst. Dat op 4 maart 1908 teach er fan syn bertedoarp Britsum nei de garnizoensstêd Ljouwert om dêr yn de Prins Frederikkazerne op de Amelânsdwinger syn tsjinstplicht te ferfoljen. Hy waard yndield by it njoggende rezjimint ynfantery. Aan wie mar sa’n seis kilometer út de reek fan thús, mar stapte in oare wrâld binnen. Hy besocht him der fleurich trochhinne te slaan, sa’t bliken docht út de kaart dy’t er op 22 oktober 1908 oan syn jongere suske Tsjitske stjoerde.… Lês fierder

Photos of New Zealand politicians and their bookcases are creepily revealing

logo.ensafh

We are what we read; a bookcase is an X-ray of its owner, their ambitions and fears, their IQ and their desires

A politician anywhere near a book is a rare and incongruous sight. They exist as creatures who act on a range of terrible decisions. It doesn’t do for them to be seen floating around in the nebulous, dreamy world of literature, with its nuances and its conflicting ideas. But all photo opportunities are good photo opportunities when you’re running for office, and I had every confidence that New Zealand’s political leaders would say yes when I approached them this year to pose beside their bookcases.… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: It dekselske lid op ’e noas

logo.ensafh

Der binne siswizen dy’t goed strike mei de situaasje dêr’t we no yn sitte, de lockdown, de ôfskoatteling. Ik tink oan: ‘Hy kriget it lid op ’e noas’, of, ‘Wa’t it ûnderste út ’e kanne ha wol, kriget it lid wolris op ’e noas.’ Dy siswizen siet ik al mei tangele om’t immen my frege oft in lid net in deksel wêze moast.

Lês fierder by It NijsLês fierder