Teleks: Fjetnamees op Campus Fryslân wurket oan Fryske spraaksynthesizer

logo.ensafh

In skreaune Fryske tekst foarlêze litte op de kompjûter. It kin wol, mar it klinkt net natuerlik. Yn oare talen, lykas it Ingelsk, Spaansk en it Nederlânsk klinkt it al folle better en dat komt omdat dêr in bettere, nijere technyk achter sit. Om dizze avansearre technyk ek foar it Frysk beskikber te krijen, docht de Fjetnamees Phat Do in promoasjeûndersyk op Campus Fryslân, ûnderdiel fan de Ryksuniversiteit Grins.

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Daam de Vries: Gjin gebongel

logo.ensafh

Nei sa’n turbulente wike binne jo wol oan in fersetsje ta dat ik wie freedtemoarn lykas alle wiken ier en betiid al by de bakker. Mei it each op de omstannichheden hie ik ferwachte dat de moarkoppen yn ‘e oanbieding wiene mar dat foel ôf. Sterker noch: der wiene hielendal gjin moarkoppen. Doe ha ik mar in ekstra kroketbroadsje meinommen, in minske wol no ienkear meidwaan, is ’t net sa?

Lês fierder by Daam de VriesLês fierder

Teleks: PODCAST Boekekast #4: ‘Dûke, verdammt noch mal’, in ferhaal fan Geart Tigchelaar

logo.ensafh

De moaiste Fryske ferhalen yn de tsjusterste en koartste dagen hearst yn de podcast Boekekast fan ‘Boeken fan Fryslân’ en Omrop Fryslân. Acht Fryske skriuwers ha spesjaal in ferhaal skreaun. Yn de fjirde ôflevering is it ferhaal ‘Dûke, verdammt noch mal’ fan Geart Tigchelaar te hearren. Karen Bies praat ek mei de skriuwer. It ferhaal wurdt foarlêzen troch Thijs Feenstra.

Harkje en lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Kollum Hilda Talsma: It slavelibben

logo.ensafh

Mûlkapkes wurde troch guon lju wol ferlike mei slavekapkes en soene in symboal wêze fan slavernij. Mar mei it each op ús fakânsje yn Suriname begryp ik dat net hielendal. Ast dêr in slaaf wiest, dan hiest in dreech en swier libben. Slaven waarden fernedere, geastlik en lichaamlik mishannele en moasten wurkje oant se der by deldonderen. Froulike slaven moasten de baas ek gauris befredigje en dan bedoel ik net mei in panne stamppot boerekoal.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Hanneke de Jong: It Ferbeane Boek

logo.ensafh

De wike nei Sinteklaas komt myn nije berneboek út: It Ferbeane Boek. Oer Fedde fan 8 dy’t noch altyd net lêst. Hoe kaam ik der by om dat te skriuwen?

Fan 2015 oant begjin 2018 wie ik skoalskriuwer op ferskate plakken yn Fryslân. Yn ús provinsje wurken de skoalskriuwers, wy wiene hjir op in stuit mei 10, twatalich. In lyts healjier gie in berneboekeskriuwer nei in skoalle ta om mei trije klassen, tiim en âlden te wurkjen oan lêzen en skriuwen en taal. Net fia de gewoane lesboekjes, mar op in manier dy’t dy skoalskriuwer en de skoalle belangryk fûnen. Mear oer de skoalskriuwer op De Schoolschrijver, de Stichting út Amsterdam dy’t bern taalsterk meitsje wol.… Lês fierder