Kollum Ferdinand de Jong: NET normaal

logo.ensafh

It jier 2020 kreaket en pipet nei syn ein. We kinne live tsjûge wêze fan ien fan de grutste skandalen yn de lêste desennia, nammentlik de taslagenaffêre. Mar aldergelokst foar de hearen en dames dy’t foar de ûndersykkommisje komme moasten en it allegearre fansels spitigernôch net mear sa goed op de radar stean hienen, wie der foar harren de rêdingsboei dy’t Forum voor Democratie yn it wetter smiet.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Koos Tiemersma: Toerelul

logo.ensafh

Ljouwert mei himsels graach foardwaan as City, of leaver noch as Capital City, dit sjoen de festivals dy’t yn ús haadstêd har basis fine. Wat oars te tinken fan The City of Literature of ús prachtige Cultural Capital? En dan is Ljouwert net Capital fan Fryslân, mar fuort fan it hiele noarden: Explore the North! Soms tink ik wolris dat de Liwwadders alles wêze wolle behalve Ljouwert, in plak ûntstien op trije modderbulten, lizzend oan in tichtslibbe see, mei as kroan op it haadstêdgefoel in út it lead hingjende toerelul.

Lês fierder by Koos TiemersmaLês fierder

Teleks: Befrijing yn de Fryske literatuer: ‘De muorre’ fan Anders M. Rozendal

logo.ensafh

Fiifensantich jier nei ús eigen Befrijing fan de besetting feroaret noch hieltyd ús tinken oer de striid foar frijheid dy’t yn dyselde snuorje fierd waard yn wat doe Nederlânsk-Yndië hjitte. De feroarjende omgong mei dat ferline sjogge wy ek werom yn Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Yn in rige artikels hâldt Jan Ybema ferskate romans dêroer tsjin it ljocht. Hjoed: De muorre (2001) fan Anders M. Rozendal.

Lês fierder by SirkwyLês fierder

Anne Feddema

Klassyk

logo.ensafh

 

 

Minsken hâlde net
Mear fan stjerren
Alteast net yn fersen
Stjer as klisjee
Lit de stjer mar
Mankelyk gewurde
Neist in moanne
Kalken bleke
Poppekop
Yn klassike
Sjineeske poëzij

Dy minsken
Kenne my net
Kenne myn wurk net
Kenne harsels net

Libben…freugde
Leafde…dea
Wat ea wie
Wat komme sil?

No, ik ken dy minsken net
Wit net wat se tinke
En oft en wêrom?

Minsken binne my
Frjemder as stjerren
Fierder fuort
Hurder fallend
Hja litte amper ljocht nei… Lês fierder

Blog Jaap Slager: De wrâld is goed…

logo.ensafh

Ik ken dat bedêste glimke, realisearje ik my, hoenear’t ik sa’n út ’e macht woeksen jonge sjuch, bygelyks by in talintejacht op it tillefyzje nei’t er syn keunstke fertoand hat. Ik ken dat glimke fan myn bruorren doe’t hja sa âld wiene, en fan ús heit op in âld fotoke dêr’t er as jongfeint op stiet. Dat, ik sil sels doedestiids ek sa’n glimke om ’e mûlshoeken hân hawwe, tink. En, as ik bern hân hie, dan hie har dat nei alle tinken ek op it antlit beitele west.

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

Teleks: Wat kun je leren van dichter en docent Tsead Bruinja? (2)

logo.ensafh

Tsead Bruinja (Rinsumageest, 1974) is dichter en woonachtig te Amsterdam. In 2019 en 2020 is hij Dichter des Vaderlands van Nederland. Vanaf 2012 is Bruinja werkzaam als docent aan de opleiding Creative Writing te Arnhem en van 2017 t/m begin 2019 was hij ‘Dongeradichter’ van de gemeente Dongeradeel.

Mirthe Smeets ging met hem in gesprek. Het interview verschijnt in 2 delen, dit is deel 2. Deel 1 verscheen 5 november. De gedichten worden af en toe vergezeld van een toelichting door Bruinja.

Het tweede deel gaat vooral over zijn docentschap aan de opleiding Creative Writing in Arnhem.

Lês fierder by MeanderLês fierder