De nijste DE NIJE soarget suver foar opskuor. Dat wie net de bedoeling, mar it hinderet ek neat. No ja opskuor, ik moat net oerdriuwe. It giet mar om in pear reaksjes. De oanlieding ta dat opskuor is it artikel ’75 jier toaniel‘, in fraachpetear dat Folkje Koster mei Bauke Oldenhof hie. Op de digitale krante It Nijs waard dêr omtinken oan jûn. Dat waard dien mei in foto fan Oldenhof en in kwote út dat artikel. ‘It Frysk stjert in wûndermoaie dea.‘ It artikel is de muoite fan it lêzen wurdich, dat ik soe sizze keapje DE NIJE of lês it sitaat op It Nijs.… Lês fierder