Teleks: Foarpublikaasjes twadde dichtbondel fan Geart Tigchelaar op Instagram

logo.ensafh

Op 3 oktober 2020 wurdt de nijste dichtbondel, mei de titel Ommers, fan Geart Tigchelaar presintearre. Dat docht er yn ’e mande mei dichter Elmar Kuiper syn nije bondel, Wite Mûle, Swarte Molke, jûns om 19:30 oere yn Jorwert.

Yn ’e oanrin op de presintaasje wurde op it Instagram-akkount @om.mers foarpublikaasjes pleatst. It earste fers ferskynt op woansdei 26 augustus. Tigchelaar hat earder proazagedichten op it webstee fan Dichterskollektyf RIXT publisearre en kaam der sa efter dat de foarm fan ’e gedichten tige gaadlik is om op it sosjale mediaplatfoarm te pleatsen. De dichter hopet sa dat syn wurk foar in breder publyk tagonklik is.… Lês fierder

Blog Wokke de Ruiter: Net te tichtby komme, hear!

logo.ensafh

“Net te ticht by my komme, hear!” hear ik deis hûnderd kear om my hinne sizzen.

Hja binne as de dea foar it firus. Logysk fansels, se hawwe fyf moane opslùten sitten. Mar sa as it mei alle ferhalen giet, se wurde hoe langer hoe grutter.

Soms, as it my oer de hege skuon giet, gryp ik yn en besykje de oare kant fan it ferhaal te fertellen.

Lês fierder by Tiden hawwe tidenLês fierder