Black Lives Matter, dat is dúdlike taal. Sûnt de dea fan George Floyd wurdt op in grut ferskaat oan plakken troch grutte groepen dúdlik makke dat it sa net langer kin. It begûn allegearre yn Amearika en dat wie logysk. Sûnt binne protestaksjes en demonstraasjes yn tiden dat it hast net lije kin, oerslein nei oare dielen fan ’e wrâld. Dêr heart Nederlân ek by. De Dam yn Amsterdam, dêr begûn it wat ús lân oanbelanget allegearre. Dy demonstraasje late net daliks ta de diskusje dêr’t it om gean moatte soe, mar oft de demonstraasje al of net om de koroana ferbean wurde moatten hie.… Lês fierder