De Skriuwersarke op ’e Feanhoop moast it fanwege it koroanafirus sûnder in offisjeel iepeningsmomint stelle. Mar de earste skriuwers hawwe der al útfanhuze.
Jan Minno Rozendal fan Grins, dy’t promovearje sil op in biografy fan Douwe Kalma (1896-1953), hat der te set west mei de earste haadstikken oer Kalma’s jongesjierren, en Siebren van der Zwaag, dwaande mei in boek oer de skiednis fan de Fryske feehannel en feemerken, skreau in haadstik oer de famylje Pilat, ien fan de grutste feehannelfamyljes yn Fryslân. Van der Zwaag syn mem wie in Pilat en is in efterneef fan de skriuwer en eardere eigner fan de arke Rink van der Velde (1932-2001), waans mem ek in Pilat wie.… Lês fierder