We seagen har yn de fierte al rinnen. Rûngear efter in rollator. It gie net hurd, mar de frou wie yn elts gefal noch mobyl. Datsoarte gedachten sjitte je troch de holle as je sa’n minske skarreljen sjogge. Wy hellen har yn en seine har de tiid fan de dei. Se groete werom en seach nei it ferskil yn tempo. ‘Sa stapte ik eartiids ek,’ sei se krekt hurd genôch sadat wy it hearre koenen. Oft dat har bedoeling wie, wit ik net. Wy stoppen en ik rûn nei har ta. ‘Jo ha de Rolls Royce by jo?’ frege ik, doelend op har rollator.… Lês fierder