De hagebeammen
rûke dat it rikket,
it piipkrûd hinget
as reek yn de wâl,
dêrtusken baarnt
it raapsied triljend
Lês en sjoch fierder by Wobbe Atsma… Lês fierder
De hagebeammen
rûke dat it rikket,
it piipkrûd hinget
as reek yn de wâl,
dêrtusken baarnt
it raapsied triljend
Lês en sjoch fierder by Wobbe Atsma… Lês fierder
Op 8 maaie is dichter en keunstskilder Barte Laverman ferstoarn. Laverman studearre, neidat er de ûnderwizersoplieding folge hie, MU-Nederlânsk en LU-Tekenjen. Dêrnei die er oan de Grinzer universiteit noch teoretyske en “wijsgerige” pedagogyk, hy studearre ôf yn 1977, cum laude. Hy wurke as dosint filosofy op Academie Minerva te Grins.
As dichter debutearre Bartle Laverman mei it fers Forsiking fan it Hillige ik yn literêr tydskrift De Tsjerne (nû. 7/8-1968). Dêrnei publisearre er ûnder mear yn Sonde, De Strikel en Trotwaer. Fan Trotwaer makke er diel út fan de redaksje yn de jierren 1971-1976.
Lês fierder by Sirkwy… Lês fierder
Nije ôfleveringen fan Tresoar Treast Telefyzje wêryn’t Bert Looper fertelt oer û.o. nijsgjirrige persoanen út de Fryske literatuer.
Diskear: Tiny Mulder, Salo Muller en Eppie Dam… Lês fierder
Hjir is neat feroare
Ik gyng nei de supermerk en kocht twa rabarberstâlen en in grutte ananas. De rabarber koste 2 euro en dy ûnbidige ananas ek. Eartiids kocht nimmen rabarber. Hiest in rabarberplant yn de tún, in geweldich grut gefal dêr’t fiedingssaakkundigen tsjin warskôgen. ‘Net te faak rabarber ite oars krijst,’ ja wat? No wie it in delikatesse. Dy ananas kaam hielendal út Costa Rica, dus wa’t dêr allegear wol net foar útbuite wiene om dat ding hjir sa goedkeap te krijen. It wie mear in ympulsoankeap om de priis fan de rabarber wer wat yn it lykwicht te krijen.… Lês fierder
Ta myn grutte blidens binne fane moarn élf einepyken ùt de koer rûgele.
Memein gong foarop al roppend dat se avesearje moatte. Want Bouke, de reade kater fan de buert, hie krekt efkes skoft. No wie it feilich.
Lês fierder by Tiden hawwe tiden… Lês fierder
De lêste tiid ha ik djipgeand ûndersyk dien nei it brûken fan Teletekst. Ik ha goed om my hinne sjoen by eveneminten, doe’t dy noch tastien wienen. It foel my op dat in soad minsken de app fan Teletekst op harren telefoan ha. Ik ek, want it is in tige betroubere boarne fan nijs.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
De earwearde mem-oerste en de oare susters fan it Sint Gertrudisgesticht yn Warkum hawwe grif foar Maria Teernstra bidden en skea hat dat net dien: Marie is wer ’leeven’ (libben) by harren thúskommen. Warkum wie Marie har bertestêd.
Lês en sjoch fierder by Klaas van der Hoek… Lês fierder