Jacobus Q. Smink

Myn namme is Rabia

logo.ensafh

(ready made)

ik wenje yn eindhoven
ik bin 19 jier âld
ik spendearje hiel wat tiid
oan myn freonen

ik ha gjin wurk op ’t momint
mar ik hoopje dat ik sa gau
mooglik oan ’t wurk kin
ik ha op social media hast alles

meastentiids harkje ik nei
nederlânske en turkse muzyk
myn hobbys binne sliepe, ite,
in boek lêze en de tiid

spendearje oan myn freonen
en no sil ik dy wat fertelle
oer myn persoanlikheid
yeah, ik bin echt in sosjaal wêzen

ik kin letterlik tsjin elkenien prate
meastentiids bin ik rêstich
myn fakânsje fan ’t jier?
it wie moai, ik gûng nei turkije

ik hâld fan turkije

 … Lês fierder

Aggie van der Meer: ,,De leafde moat syn gerak ha.’’

logo.ensafh

Schrijfster Aggie van der Meer (92) bericht dagelijks over de coronacrisis vanuit het Bolswarder woonzorgcentrum It Menniste Skil. Vandaag: ,,De leafde moat syn gerak ha.’’

,,No noch even wat’’, zegt Sita van de zorg, ,,Jo dogge alle moarns hjir op ’e gong jo oefeningen. Dêr wol ik eins ek mei begjinne. Dy mei de hannen op ’e grûn, dêr kom ik al in moai ein mei.’’

Lês fierder by de Ljouwerter KranteLês fierder

Redaksjoneel + Ynhâld Ensafh 1, 2020

logo.ensafh

Redaksjoneel

It is net oars. Ik bin rûzich yn ’e holle no’t ik dit redaksjoneel skriuw. Dit is it earste nûmer fan 2020. It begjin fan wer in jiergong. It moaie fan in leafhawwerij, in passy is dat dy jin net loslit. In leafhawwerij, in passy tilt jins libben op. Dei oan dei lûk ik nei literatuer ta, lûkt literatuer oan my. Ik moat lêze, ik moat skriuwe. En mei-inoar in nij nûmer fan Ensafh meitsje. Jierren oanien. En altyd wer hoopje dat de lêzers fan it blêd der wat yn fi ne dat harren pakt. Hoe moat men soks neame?Lês fierder

Blog Wobbe Atsma: nuvere berjochten

logo.ensafh

It wie stil ûnderweis: yn de útstoarne haadstrjitte fan it oanbuorjende doarp, op it lege fytspaad nei de mar, even letter op de parallelwei, ja sels dernjonken op de grutte fjouwerbaansdyk nei de haadstêd. Stil as op in sneintemoarn. Amper fytsers. Hurdrinners: in pear. Auto’s wienen op ien hân te tellen. Stilte dus, mei romte foar it iere lûd dat nei de maitiid siket. Ljippen: inkele. Skriezen: ûnsichtber yn ’e fierte. Guozzen yn lûdroftige keppelflechten by de fleet. It waar hold lykwols de siken yn. De mar wie in see fan stilte.

Lês fierder by Wobbe AtsmaLês fierder

Teleks: Willem Schoorstra besoarget ‘Poëtyske Edda’ by minsken thús

logo.ensafh

Mei’t de presintaasje fan sneon 4 april fanwege de koroanamaatregelen net troch giet, komt de skriuwer nei jo ta. Elkenien dy’t in eksimplaar fan de Poëtyske Edda ha wol, kin dat by him oanjaan troch in berjochtsje mei namme en adres te stjoeren. It boek wurdt dan persoanlik troch Schoorstra by jo thúsbesoarge.

Lês fierder by It NijsLês fierder