Besprek ‘Ik tel oant 100’ fan Felicity Brooks

logo.ensafh

Op sneontemoarn wurdt it boek al betiid besoarge. Us bern binne 7, 5 en 1 jier âld en fine lêzen prachtich. Se hingje dan ek boppe de slúf as wie it in grut kado. Machtich om te sjen!

Wat de bern gelyk opfalt, binne de moaie kleuren en alle ferskate tekeningen op de foarkant. Tessa fan 5 seit gelyk: ‘Ik sjoch elke kear wer wat oars’, en sa is it ek echt! De details fan de opdruk meitsje dat de bern al in hiel skoft mei de bûtenkant fan it boek dwaande binne.

Lês fierder by Jeltje Reitsma op Heit & MemLês fierder

Blog Klaas van der Hoek: Poste restante XVIII

logo.ensafh

It is de krusing fan twa transportwegen dêr’t de ôfstjoerder fan dizze ansicht op útsjocht, mar hy sil net faak hinder hân hawwe fan rumoer yn it ivich slomjende Spannum. De ophelbrêge links, mei ‘ANNO 1914’ derop, leit oer de Lange Daam, de feart dy’t brûkt waard foar ferfier mei skûtsjes, en ferbynt de Tsjerkebuorren mei de Swachlumerleane.

Lês en sjoch fierder by Klaas van der HoekLês fierder

Henk van der Veer

Geboarte

logo.ensafh

 

                                                                  foar de froedfrouwen

feul beter as in ut skúllief wurdt ut noait mear
dou bist nòch tegare met dyn moeke
krijst foeding deur de navelstreng
sweefst in folslagen harmony
met dyself in ut warme fruchtwater

en dan sumar inenen- harrekrasje!
wurdst sonder pardon dat geboartekanaal in doud
must dy self mar rêde

is der un leven lang gyn ontkommen mear an… Lês fierder