Blog Lomme Schokker: Los fan it liif

logo.ensafh

Sûnt it Venusbyldsje op myn paad kaam falt it my gauris op hoefolle swierlivige minsken der wol net binne. Soks wie in pear wike lyn ek wer ris it gefal by de gate fan EasyJet op Skiphol. Der wie in swierich groepke fan sa’n tsien froulju fan flink formaat dy’t mei-inoar de measte wille hie. Yn it fleantúch nei Lanzarote siet ik nêst ien fan harren. Se prate Frysk mei in groepsgenoate oan de oare kant fan it middenpaad en beide froulju wiene behoarlik op ’e rattel oer de rest fan de groep. Ik fûn it wol sa fatsoenlik om myn buorfrou witte te litten dat ik as Fries harren petear wurd foar wurd neikomme koe.… Lês fierder

Teleks: Undúdlikens oer takomst wittenskipsblêd ‘It Beaken’ fan de Fryske Akademy

logo.ensafh

Der is ûndúdlikens oer de takomst fan it wittenskiplik tiidskrift It Beaken fan de Fryske Akademy. It blêd dat al sûnt 1938 bestiet soe mooglik nei 81 jiergongen ophâlde moatte. Dat seit alteast einredakteur Beart Oosterhaven. Direkteur Willem Smink ûntkent lykwols it ferdwinen fan it blêd, mar jout wol oan dat sjoen wurdt nei hoe’t it mooglik oars oanpakt wurde kin as no.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: No ek omtinken foar berneboeken op Sirkwy

logo.ensafh

Op Sirkwy is in begjin makke om ek boekprofilen oan te bieden fan berneboeken. De nominearren fan de Simke Kloostermanpriis 2019 binne as earste oan bar. De boeken fan 2016 steane der al yn, lykas Lytse Protter fan Baukje Wytsma en Siem en Sanne sjogge Sint Piter fan Hendrika Vis-de Ruiter. Ek It deiboek fan Janny van der Molen út 2019 stiet al beskreaun. It is ‘wurk yn útfiering’, dat geandewei komme der mear en mear titels beskikber.

Lês fierder by SirkwyLês fierder

Lubbert Jan de Vries

Playlist ‘Eigentrieds’ gearstald troch Lubbert Jan de Vries

logo.ensafh

Op 08-02-20 waard op de Grutte Gedichtejûn de blomlêzing Eigentrieds, gearstald en oerset troch Lubbert Jan de Vries, presintearre. Eigentrieds is in samling ‘Amerikaanske ‘ûnhillige’ en ‘net-autentike’ outlaw – en beatpoëzij’ yn Fryske oersetting.

De Vries hat spesjaal foar ensafh in playlist by de bondel makke. In soad wille tawinske!

Playlist ‘Eigentrieds’ gearstald troch Lubbert Jan de Vries

S.A. Griffin

https://www.youtube.com/watch?v=r-U6dXK4Mig

Walt Whitman

https://soundcloud.com/neelybrucemusic/sets/the-barbecue-divertimento-by

https://www.youtube.com/watch?v=0kTfBAqrw3s

Marianne Moore

https://www.youtube.com/watch?v=tpEAFtKpA0k

William Carlos Williams

https://www.youtube.com/watch?v=qbA7-We6KO8

Charles Olson

https://www.youtube.com/watch?v=RFenIf_SIzc

Alan Ginsberg

https://www.youtube.com/playlist?list=OLAK5uy_lMFawm87MKGq47Zg9D7abBKUIsZdZKTFU

Jack Spicer

https://www.youtube.com/watch?v=mOgOcxQxshE

https://www.youtube.com/watch?v=v3019HUyoKQ

Jack Micheline

https://www.youtube.com/watch?v=7qAD5oIqyis

Gregory Corso

https://www.youtube.com/watch?v=4lmOiZHO6uM&list=PLO0tmcN8KXaxrt1fxDpleLixrW7FzK4Gd&index=1

Diane Di Prima

https://www.youtube.com/watch?v=7wzR_BVFsUU

Amiri Baraka

https://www.youtube.com/watch?v=L1JzXdWoAQI

Lês fierder

Kollum Aant Mulder: Us taal waait sa fuort

logo.ensafh

Op It Nijs stiet alle dagen weroan in kreas waarberjocht. Mei ‘kreas’ bedoel ik dat it waar kreas beskreaun wurdt. Dat is wat oars as dat it waar sels kreas wêze soe. Yn dat waarpraatsje komme wurden as rûzich, ritich, skier, myld gauris foar. Dat fyn ik moai. Ien fan de lêste waarberjochten hie sels as titel meikrige: oanhâldend ûnlijich. Fierder kom ik wurden en útdrukkingen tsjin as: in klap tonger, de wyn jout him del, in flink stik wyn, swiere wynstjitten. De wyn is krêftich, stoarmich en der komme wynstjitten. Kompliminten oan Jan Brinksma, de skriuwer fan dat waarberjocht. Piet Paulusma brûkt ek graach dat soarte fan wurden en útdrukkingen yn syn waarberjochten foar Omrop Fryslân.… Lês fierder