Teleks: Geart Tigchelaar nei Transpoesie

logo.ensafh

Geart Tigchelaar nei Transpoesie

Fan 17 oant 19 septimber hat yn Brussel it ynternasjonale dichtersbarren Transpoesie plak. It tema dit jier is “Where voices meet”, mei oandacht foar taal, romte en poëtyske wjerstân troch en yn oersettingen.

Dit jier sil Fryslân fertsjintwurdige wurde troch dichter Geart Tigchelaar. Geart Tigchelaar (1987) is hikke en tein yn Damwâld, mar wennet no yn ’e Greidhoeke. Nei tsien jier lang as oersetter en korrektor wurke te hawwen, hat er no in baan yn it miljeukundige wurkfjild. Tusken de bedriuwen troch besiket er tiid frij te meitsjen om te wurkjen oan mear aktivistyskere poëzy en syn tredde en foarearst lêste roman.Lês fierder

Tink derom. Falkûlen (11)

logo.ensafh

Wer in pear fan dy wurden dy’t yn it Frysk en it Hollânsk foarkomme en oaninoar besibbe binne, mar dy’t elk foar oar in eigen ûntwikkeling trochmakke hawwe en no net mear yn alle opsichten itselde betsjutte.

bedarje en bedaren
Tsjin ien dy’t nochal oerstjoer en drok is sizze we: “Bedarje dy wat” of “Bedarje wat.” Is er kalmer wurden, dan konstatearje we dat er him bedarre hat of dat er bedarre is. Dat kin beide. It past net allinne by it minsklik hâlden en dragen, fan it ôfnimmen yn ferheftigens is ek sprake yn bygelyks “de pinemûle is bedarre”, “de stoarm is bedarre” en “it lawaai is bedarre.”Lês fierder

OPROP Ynternasjonaal feest fan Fier dyn eigen taal – Tema: Frijdom – CALL FOR International celebration of Celebrate your own language – theme: Freedom

logo.ensafh

Dizze nije ûndernimming is weareldwiid fan aard, dat betsjut dat fersen út alle ‘lytse talen’ yn ’e beneaming komme – de faak lytsachtsjende oantsjutting ‘dialekt’ brûke wy net. ‘Lyts’ is fansels betreklik – sa kin in taal mannich sprekkers ha, mar neat te folle sizzenskip.… Lês fierder

Giny Bastiaans

Wat Ilse betsjut

logo.ensafh

Juster wie ik op in begraffenis. Nee, ik moat sizze op in kremaasje. Ik koe de ferstoarne net en ek net de famylje. Dat krijst yn in twadde relaasje, dan kinne jo yn in famyljerûnte bedarje dêr’t jo net ien fan kenne. Noait ien fan earder sjoen en in relaasje mei opboud.
Alderaardichste minsken oars, sa te sjen. Kreas yn ’e klean, iepen gesichten. Waarm mei-inoar. Minsken dêr’t je wol in libben lang mei omgean wolle. Mar ja, wy ha no ienkear gjin libben lang mear.

It ôfskied fan de ferstoarne wie ek waarm en leaf en ik fielde mei de bern en beppesizzers mei.… Lês fierder

Poëzie (1036): De Jong ‘Frjemde fûgels’

logo.ensafh

Frjemde fûgels, gedicht van Andries Jelle de Jong
Gevonden door Sybrand op de Hegewei in Nijega

Andries Jelle de Jong (* 1977) werd geboren in Drachten. Hij studeerde Nederlands en heeft tien jaar lang in het voortgezet onderwijs gewerkt als docent Nederlands. Daarna is hij gaan schrijven. Van zijn hand verschenen boeken, over mediaondernemer en voormalig PowNed verslaggever Dennis Schouten en over muzikant en voormalig lid van Di-Rect Tim Akerman.
Van 2017 tot en met 2018 was De Jong gemeentedichter van Smallingerland.

Lês en sjoch fierder by DorsoduroLês fierder

Teleks: Gedichten oer drank, froulju en de dea: Piet Paaltjens hat eigen plakette yn Ljouwert

logo.ensafh
Oan de Voorstreek yn Ljouwert hinget no in plakette fan Piet Paaltjens, ien fan de grutste dichters út de Nederlânske literatuer.
It idee dêrfoar ûntstie fanwegen de biografy dy’t skriuwster Marita Mathijsen oer de dichter makket. De kar foar de lokaasje is in logyske: it bertehûs fan Paaltjens.
Dy namme krige de dichter trouwens net doe’t er berne waard yn it Ljouwert fan 1835. Syn echte namme wie François HaverSchmidt.
Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân
Lês fierder