Teleks: Wa’t jild hawwe wol foar it Frysk, moat nei de Proeftún meartaligens

logo.ensafh

Dy’t in grut projekt organisearje wol dat te krijen hat mei it Frysk of Nedersaksysk, dy kin de helte fan ‘e kosten weromkrije fan de oerheid. Fiif provinsjes en it ministearje fan ûnderwiis, kultuer en wittenskip hawwe de saneamde proeftún meartaligens opset. It doel is om minsken mei it taalferskaat yn Noard- en East-Nederlân yn oanrekking te bringen.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Blog Jaap Slager: Gradaasjes fan ôfstân

logo.ensafh

“Hoe spreken Friese kinderen hun ouders aan!”
Dat is ek minsklik, tink, en mien dat men mar wat apart is – in oaze yn in toar en feal fermidden. Dat baltsje waard okkerwyks opsmiten yn in artikel yn it NRC “Hoe spreken Friese kinderen hun ouders aan!”
Ja, yn ´e tredde persoan dus – “Hat heit al iten?” Dat brûkme fan de tredde persoan is wat minder direkt as de twadde persoan (fierste pertaal), oppenearre de skriuwer fan it artikel, mar wat miensumer as it ôfstanlike “jo”. De fraach waard fuort opsmiten oft soks unyk is of net.

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

Aginda 13-03-20 o/m 30-03-20: ‘In libbensreis yn ferhalen en muzyk’ mei Ferdinand de Jong en Gurbe Douwstra

logo.ensafh

Swalkje mei skriuwer Ferdinand de Jong en muzikant Gurbe Douwstra in pear oeren de wrâld oer. Sy nimme dy mei nei Nova Scotia, fia de Cliffs of Moher nei it uterste noarden fan Sibearië en keare úteinlik werom nei Fryslân. In libbensreis yn ferhalen en muzyk. Freed 30 maart om 20.00 oere yn Café Marktzicht yn Drachten, sneintemiddei 22 maart yn it Kleastertsjerkje yn Koartehimmen, freed 27 maart om 20.00 oere yn de Broekster Tsjerke en op moandei 30 maart om 20.00 oere yn de Bibleteek It Hearrenfean. Sjoch foar mear ynfo by Boeken fan FryslânLês fierder

Aginda 12-03-20- o/m 15-03-20: Anne Feddema, Martin Reints en Edwin de Groot ‘Poëdidos – Poëzie en (Ban)dido’s’

logo.ensafh

In programma foar freonen en troch freonen mei foardracht en muzyk fan alsidich keunstner Anne Feddema, skriuwer/dichter Martin Reints en skriuwer/dichter Edwin de Groot. Te sjen en te hearren op tongersdei 12 maart om 20.00 oere yn Snackbar de Jong yn Beetstersweach, sneon 14 maart fan 15.00 – 16.00 oere by Boekhannel Van der Velde Ljouwert, sneon 14 maart om 20.30 oere yn PERDU yn Amsterdam en snein 15 maart om 14.30 oere yn Café De Bak, dbieb Ljouwert. Sjoch foar mear ynfo by Boeken fan FryslânLês fierder