Blog Daam de Vries: Sineeske humor

logo.ensafh

Hjoed hawwe (in part fan) de boeren de euvele moed hân de wierheid nei bûten te bringen. En sa’t soks yn in korrupt lân dan giet: “Sa kinne wy net fierder prate”. Krekt lykas de measte minsken haw ik in lyts bytsje lêzen leard en nei trije kear kin ik ta gjin oare konklúzje komme as dat der net mear stiet as de wierheid. Dêr is neat bedriigjends oan. Mar it wurdt net allinnich delset as bedriigjend, mar ek as ‘dom’. Ik werken dêr wol wat eleminten yn fan hoe’t it giet yn de ‘Frysk’ kultureel-literêre wrâld.

Lês fierder by Daam de VriesLês fierder

Teleks: Learstoel Fryske taal- en letterkunde bliuwt ek yn de takomst bestean

logo.ensafh

De leerstoel Friese taal- en letterkunde blijft ook in de toekomst bestaan. Dat verzekert woordvoerder Jorien Bakker van de Rijksuniversiteit Groningen (RUG). Ze reageert op hoogleraar Goffe Jensma, die dinsdag in een lezing voor het Wetenschapscafé van de Campus Fryslân en passant liet vallen dat de RUG vorig jaar van plan was zijn leerstoel te vervangen door een leerstoel op het gebied van taalsociologie.

Lês fierder by it Friesch DagbladLês fierder

Besprek ‘Ntrije55’ fan Elske Kampen

logo.ensafh

Myn nijsgjirrigens nei dizze dichtbondel waard wekker roppen doe’t ik lies hoe’t er ta stân kaam is. De bondel is skreaun nei oanlieding fan materiaal, fûn oan ’e westkant fan de N355 by Hurdegaryp. Elske hat dy fynsten, lytse stikjes yndustrieel ôffal, nij libben ynblaasd, troch se moaie wurden yn de foarm fan gedichten mei te jaan.

Lês fierder by Reina Kroodsma op Heit & MemLês fierder

Kollum Aant Mulder: ‘Blue Monday’ is gjin blaumoandei

logo.ensafh

Moandei 20 jannewaris wie it ‘blue monday’. Sa wurdt dy dei ein jannewaris hieltyd faker neamd. Dat dogge we nei Amerikaansk foarbyld. It keppeljen fan kleuren oan dagen liket hieltyd faker foar te kommen. Ik tink net allinne oan ‘blue monday’, mar ek oan: ‘black friday’ en ‘pink saturday’ wylst se it yn Kerkrade sels al oer ‘White Thursday’ ha, in muzykfeest op wat we Wite Tongersdei neame. Der wurde folle mear eigenskipswurden yn kombinaasje mei de dagen fan de wiken neamd. Dat lit ik no mar gewurde. It hat der alles fan dat it in Amerikaanske gewoante is, dy’t we faak streekrjocht of yn oersette foarm oernimme.… Lês fierder