Jacobus Q. Smink

20 ier de pisang

logo.ensafh

om de skeinde fankes ferhingj’ dy rock’n jagger
jawisse oan de heechste beam fan de sinne
boppe sranaan; de leffert mei om de leave
dinkjes de dea yn en om in soad oare

fan efter f’rneukte prachtwiven foar ivich
nei de jachtfjilden tsjen en as in sloppe
lulhannes ende dwul oan de koade bingelj’…
ommers, fertsjinn’ is fertsjinn’…

dat er, om dy leidige famkes net fret!
net lang’r as in pear dagen cq. nachten
fan de trôg’n fan pa-ra-ma-ri-bo-city
en nea wer yn syn roy rolls oer de

ferneamde brêge fan de su-ri-na-me-ri-fier glydt;
wat in spulbrekker is dy waardeloaze kwast!… Lês fierder

Teleks: Blog oer ‘Friese dichters in Denemarken’ online by Letterenfonds

logo.ensafh

‘In het voorjaar van 2019 reisden wij, de Friese dichters Elmar Kuiper, Syds Wiersma, Cornelis van der Wal en Geart Tigchelaar, per trein af naar Denemarken voor een tournee door dat land. We hebben er drie keer voorgedragen en samen met Deense collega’s elkaars werk vertaald. Dit alles wordt gebundeld in een tweetalige Fries-Deense bloemlezing die naar verwachting in het voorjaar van 2020 bij uitgeverij Hispel zal verschijnen.

We waren uitgenodigd door het Aarhus Litteraturcenter en zijn door de Deense dichter Carsten René Nielsen door het drukke programma geleid. Er was nog net een beetje tijd over om de stad en de omgeving te ontdekken.… Lês fierder

Teleks: Ministearje wol kontrôle op Fryske les net oan provinsje oerdrage

logo.ensafh

Hjoed berjochte It Nijs deroer dat it der sa min hinne leit mei it skoalfak Frysk. Deputearre Sietske Poepjes sei yn in reaksje dat de provinsje it tafersjoch op dat fak better fan de ûnderwiisynspeksje oernimme koe. It ministearje fan ûnderwiis hat op har útspraak reageare. In wurdfierder meldt oan Omrop Fryslân dat dat in min idee wêze soe. Neffens it ministearje kin de ynspeksje soks better en hat de ynspeksje ek in wetlike taak.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Poepjes wol sels tafersjoch op it fak Frysk

logo.ensafh

Deputearre Sietske Poepjes jout oan dat it tafersjoch op it fak Frysk op skoallen by de provinsje lizze moat, en net by de Underwiisynspeksje. It ûnderwiis fan it Frysk is op in soad basisskoallen yn Fryslân net goed en in soad skoallen fine it dreech om it fak goed oan te bieden. Dat hat de Underwiisynspeksje skreaun yn in kritysk ûndersyk. Poepjes seit yn in reaksje: “Wy baalden fan de útkomst, wy steane no op in brekpunt dat it oars moat.”

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Jaap Slager: Frijens blijens

logo.ensafh

Neffens my binne minsken oeral gelyk. Min ofte mear dan. Ik haw alteast altyd wat gnyskje moatten om ´e tinkwize fan guon Amerikanen dy´t de eardere Sovjet-Uny as “Ryk fan it Kwea” beskôgen. Lykas wennen dêr gjin minsken, mei deistige noeden en soargen om bern en bestean.
Ik woe mar sizze: as men it ferskeel net mear sjucht tusken in folk en syn regear, dan kin men eltsenien wol ûnder de loep nimme, sa fier is it hinne, te begjinnen mei jinsels.

Dat nimt net wei dat wakker minsklike eigenaardichheden yn ´e iene kultuer mear klam krije kinne en mear eachweide wurde as yn ´e oare.… Lês fierder