Kollum Aant Mulder: Leauwe oan Sinteklaas:

logo.ensafh

Leauwe oan Sinteklaas, dat dogge we fan ’t jier noch en dan hâldt it op. Wy dogge dat sa, om’t de lytste pake- en beppesizzer no noch leaut en neffens de heit en de mem it oare jier net mear. De bernsbern fan ús binne sûnt se it har heuge kinne fan betinken dat de echte Sinteklaas yn Balk oankomt. Sy ha oant no ta net in yntocht oerslein. Sy fine it prachtich sa’t Sinteklaas mei syn swarte piten oanfarren komt. Hoe’t er dêrnei alle tiid nimt om de lange rige fan âlden en bern bylâns te rinnen, fine se hast noch moaier.… Lês fierder

Teleks: Fryske anjer foar Jant van der Weg

logo.ensafh

Jant van der Weg kriget tiisdei de Fryske anjer, de jierlikse kultuerpriis fan it Prins Bernhardfûns. Hja kriget de priis foar har krewearjen foar de Fryske berneliteratuer.

Frou Van der Weg hat in soad dien om Fryske berneboeken om utens bekend te meitsjen. Dat die hja ûnder oaren fia de organisaasje International Board on Books for Young People. Hja hat foar it Frysk Deiblêd jierrenlang resinsjes fan berneliteratuer skreaun. Fierders hat hja ferskate Nederlânske en Ingelske berneboeken yn it Frysk oerset en in biografy skreaun fan Diet Huber.

Boarne: It NijsLês fierder

2019 Gifts for Writers and Readers

logo.ensafh

Writers and readers can be hard to buy for. I know I am! My family has completely given up on giving books to me in favor of giving gift cards to bookstores. But if you’d like to get a little more creative for the writer in your life this holiday season, or if you’d like to drop a hint that perhaps you don’t need another fancy pen this year, here are some ideas of gifts for writers and readers.

Lês fierder by WritersDigestLês fierder

Blog Lomme Schokker: Aldmakke-nij

logo.ensafh

Jean is al wer tritich jier werom yn syn Brabân, yn it doarp dêr’t syn heit lyk nei de oarloch in populêre KVP-wethâlder wie. Syn Sofie bleau efter yn Amsterdam, tsjintwurdich hat er Marlies dy’t foar him itensiedt en foar it oare him meastentiids gewurde lit. Dêrom steane der twa BSA motorblokken yn de wenkeamer, efter yn de tún stiet in jûkel fan in garaazje mei trije Harleys fan foar de oarloch en in Volvo Amazon Combi út 1965, dat er de lêste fyftjin jier as projekt mei iepen ein tusken de bedriuwen troch sels persoanlik revisearre hat. Neffens him sitte der op ’e roai mear as 20.000 oeren yn.… Lês fierder

Teleks: Anne Wadman 100 jier lyn berne

logo.ensafh

Anne Wadman liet mei syn wurk fuortdaalks syn grutte ambysjes sjen. Hy tilde sawol yn syn kritiken as mei syn romans de Fryske literatuer op in heger plan. Hy die dat yn syn flymskerpe kritiken yn De Tsjerne, mar ek mei it publisearjen fan taboetrochbrekkende en eksperimintele romans lykas De smearlappen (1963) en De frou yn ’e flesse (1988).

Lês fierder by SirkwyLês fierder

Teleks: Gelegenheidsbondel fyftich jier Skriuwersboun

logo.ensafh

Yn de bondel Nearnewâld stean 44 ferhalen en fersen, dy’t ynspirearre binne op in tekening fan Laurens Bontes. It boek is útbrocht ta gelegenheid fan it fyftichjierrich bestean fan it Skriuwersboun.

Oer it boek:
Libben en dea, leafde en haat, gearwurking en oergeunst, mienskip en iensumens: it is allegear te finen yn Nearnewâld. Der wurdt fochten en frijd, rabbe en swijd, wat dat oangiet is it in plak as alle oare plakken op ’e wrâld.

Omdat It Skriuwersboun fyftich jier bestiet, hat in grut tal Fryske skriuwers en dichters foar harren lêzers dit meartalige Nearnewâld optocht.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Aginda 03-12-19: Priisútrikking poëzykriich Frysk Bûsboekje

logo.ensafh

De karkommisje is derút! Op de oprop om gedichten yn te stjoeren hat it Bûsboekje sechstjin ynstjoeringen krigen fan yn totaal tsien dichters. In moaie rispinge!

De Bûsboekjeredaksje nûget elkenien graach út om oanwêzich te wêzen by it bekendmeitsjen en de priisútrikking op tiisdei 3 desimber yn kafee Luwt yn Ljouwert. De priis en de oanmoedigingspriis sille útrikt wurde troch de kultuerdeputearre fan de provinsje Fryslân Sietske Poepjes.

Sjoch foar mear ynfo by It NijsLês fierder