Marcel Plaatsman

Mei de boat

logo.ensafh

Neffens ús soantsje gean ik altyd mei de boat nei myn wurk. Dat is net hielendal wier, mar foar ien fan twa en in heal jier âld hat er it noch net sa min sjoen. Eins wurkje ik thús – ik skriuw, dat is myn wurk. It komt dochs gauris sa út, dat ik foar wurk nei Tessel moat en fansels gean ik dan mei de boat. Dizze moanne wie it oars, ik siet wol op in boat, mar dat wie de boat nei It Amelân. Mar jawis, in boat – dat myn soantsje hie net minder gelyk.

Op It Amelân haw ik noch in wurdsje Frysk sprutsen, mar oars haw ik foaral Tesselsk praat, dat liket genôch op Amelânsk om dêr ferstien te wurden.… Lês fierder

Blog Abe de Vries: Nei in nij Selskip foar Fryske Taal en Literatuer

logo.ensafh

Wy kenne it noch út de skiednisboeken: it romrofte ‘Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse’. Oprjuchte yn 1844 troch Tiede Dykstra, Harmen Sytstra, Jacobus van Loon en in hantsjefol oare entûsjastelingen foar Fryske taal en kultuer. Al gau koartwei it ‘Frysk Selskip’ neamd, letter ek wol it ‘Ald Selskip’. It hat fan ûntwittend grut belang west foar it behâld en de fersprieding fan it Frysk en Fryske literatuer, foaral yn de njoggentjinde ieu. En – hoe is ’t mooglik – it bestiet noch hieltyd!

Lês fierder by Abe de VriesLês fierder

Teleks: Spikerhurde krityk op âld-Akademy-direkteur Hanno Brand

logo.ensafh

Hanno Brand hat de Fryske Akademy as direkteur-bestjoerder stikken makke. Dat skriuwe trije minsken dy’t nau by de Akademy behelle binne: Reinier Salverda, Bearn Bilker en Jan Kersbergen yn in iepen brief oan de provinsje Fryslân. Hja skriuwe dat troch Brand de Akademy “wetenschappelijk en financieel in een vrije val geraakt” is.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Poëzij dichter Elmar Kuiper wurdt útjûn yn India

logo.ensafh

Het bezoek van dichter Elmar Kuiper uit Jorwert aan India krijgt een staartje. Zijn werk wordt daar uitgegeven, in het Engels en mogelijk in het Hindi.

Het is de bedoeling dat er komend jaar een bloemlezing uit Kuipers werk verschijnt. Dat gebeurt bij Copper Coin, een uitgeverij in New Delhi die is gespecialiseerd in internationale poëzie. Die bloemlezing verschijnt in eerste instantie in het Engels. Maar een uitgave in het Hindi behoort ook tot de mogelijkheden.

Lês fierder by de Ljouwerter KranteLês fierder

Teleks: Noch trije Ljouwerters yn ‘e race foar funksje fan stedskeunstner

logo.ensafh

Der meitsje noch trije keunstners kâns om foar de kommende twa jier stedskeunstner fan Ljouwert te wurden. It giet om Caro Kroon, Jara Veragua en Tim Honnef.
Jamila Faber, de stedskeunstner oant en mei 2018 – Foto: Freya Eshuys

De trije binne troch in sjuery keazen út in gruttere groep, dy’t op de funksje sollisitearre hie. Nije wike tiisdei presintearje de trije harren. Dêrnei bepaalt in sjuery wa’t der fan de trije de stedskeunstner wurdt. Op de nijjiersresepsje fan de gemeente Ljouwert wurdt bekend makke om wa’t it giet.

Ljouwert hat sûnt 2010 in stedskeunstner, dêrfoar giet it om in stedsdichter.… Lês fierder