Teleks: Fryslân wit de bibleteek goed te finen

logo.ensafh

Lanlik sjoen binne der hieltyd minder minsken lid fan in bibleteek, mar yn Fryslân is it byld krekt oarsom. Dat hieltyd mear minsken de bibleteek goed witte te finen hat neffens it CBS te krijen mei in taname fan it tal jeugdleden, mar ek nije abonneminten. Dit past by de ferskowing fan de klassike bibleteek nei de mienskiplike bibleteek.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Geart Tigchelaar

Ferslach bekendmakking Nije Dichter fan Fryslân Nyk de Vries

logo.ensafh

 

Foar fjouwer oere lei it Aldehoustertsjerkhôf der noch kalm en bedaard by.

Foto’s en teksten Geart Tigchelaar

 

 

De op dat stuit noch net beneamde nije Dichter fan Fryslân wakker oan it tarieden.

Deputearre Sietske Poepjes betanke Eeltsje foar twa produktive jierren en joech him it earste eksimplaar fan de Dichter fan Fryslân-bylage dy’t hjoed ek yn de LC en it FD ferskynd is.

Eeltsje Hettinga lies twa fersen foar en hold in koarte ôfskiedsrede.

Sjueryfoarsitter Job Degenaar lies in soarte fan sjueryrapport foar.

Nyk de Vries wie wakker ynnommen mei de beneaming en sei dat er it dichterskip oan syn frou opdraacht.

Lês fierder

Teleks: Nyk de Vries nije Dichter fan Fryslân

logo.ensafh

 

 

Foto: Cornelis van der Wal

Sjoch hjir foar in profyl fan Nyk de Vries.

De Vries syn earste fers as Dichter fan Frylân:

Begjin

Dit is hoe’t it begjint. Dû komst thús en bliuwst
stean by it oanrjocht. It is oer tolven. It hûs is kalm,
mar dû bist it net.

Wat dyn buorfrou rôp, oan ‘e ein fan ‘e jûn, dat
wie ôfwaaid praat. Dû seist der wat fan, mar de
oaren foelen har by.

Lês fierder by Dichter fan Fryslân

 

 … Lês fierder