Teleks: ‘It Grutte Foarlêsboek II’ yn ûntfangst naam troch Aart Staartjes

logo.ensafh

By de Afûk is ôfrûne sneon 9 novimber it twadde diel fan It Grutte Foarlêsboek ferskynd. Yn it boek steane mear as sechstich ferhaaltsjes, ferskes en gedichtsjes foar bern fan 2 o/m 6 jier. It earste eksimplaar waard mids sa’n 175 belangstellende heiten en memmen yn ûntfangst naam troch bekend Sesamstraat-akteur Aart Staartjes. It boek blykt in sukses te wêzen, dyselde deis gie al 10% fan de oplage fan 2000 stiks de doar út.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Die luxemburgische Literatur und ihre Vielsprachigkeit

logo.ensafh

Kennen Sie einen luxemburgischen Autor? Sagt Ihnen Guy Helminger vielleicht etwas? Oder sonst jemand? Nein? Woran liegt das? Schreibt da niemand, in Luxemburg? Auch wenn Luxemburg ein kleines Land ist – das ist unwahrscheinlich, oder? Um all diesen Fragen nachzugehen, sind wir also nach Luxemburg gefahren. Und je mehr Zeit man in diesem Land verbringt, desto mehr verwundert es, warum luxemburgische Autoren, noch dazu die auf Deutsch Schreibenden, so spärlich vertreten sind bei uns.

Lês fierder by de Frankfurter AllgemeineLês fierder

Kollum Willem Schoorstra: It lêste bolwurk: Foutje, bedankt!

logo.ensafh

Yn de jierren 90 fan de foarige iuw hiest in hiele populêre reklameslogan foar in fersekeringsmaatskippij. Dat kaam troch Rijk de Gooyer. Dy spile de oplichter Van Looij, dy’t skea easket by syn agint. As dy reagearret mei: ‘Dat is niet zo mooi, meneer Van Looij,’ antwurdet Van Looij mei: ‘Nee, da’s zeker nie zo mooi, voor U! Ken ‘k effe vange?’ Mei’t yn de rin fan it petear, faak troch fersprekkingen of oare stommiteiten, docht bliken dat de claim falsk is, ropt de oplichter Foutje, bedankt!

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Kollum Aant Mulder: De Wytsingen

logo.ensafh

De midsiuwen krije de lêste tiid aardich omtinken. Ik tink net allinne oan it Sieperda-sympoasium dêr’t ik it ferline wike oer hie, mar ek oan de tentoanstelling ‘Wij Vikingen’, dy’t no yn it Fries Museum yn Ljouwert te besjen is.
Ut ’en rûgens kinne we sizze dat dat tiidrek duorret fan 500 oant 1500 ta. Dy perioade begjint mei bewenne terpen. Wa’t dêr krekt op wennen, dat is noch altyd net hielendal dúdlik, mar we neame dy bewenners, krekt as dy fan foar it folkeferfarren, opnij wer Friezen. Oan de ein fan de midsiuwen, binne de terpen en de lannen dêromhinne bedike.… Lês fierder

Lomme Schokker

In spegel yn wiis bestel

logo.ensafh

It lân leit licht en ik ha de honger yn de hals. Wat is wichtich en wêrom, Aggy? Wat bestindich en foar hoe lang? Moat ik úteinlik alles sels útsykje, of mei ik dy dêr nei freegje? Antwurden, oanwizingen, goede leave treast! Ik bring dit te praat, want wat is makliker as jûns let by dy te bycht gean? Do antwurdest teminsten, yn dyn skriuweraasjes by de iterspannen. Do hast dizze wei al earder berûn, of net dan? Ik ken dy net, dochs bin ik dy wyswurden, mei de ûntdekking fan wurden út dyn romme wrâld. Mar wat doarmje wy yn de mist net, wy beide tegearre allinnich.… Lês fierder