Aginda 15-11-19: Winterjûnenocht anno 2019

logo.ensafh

Op 15 novimber wurdt de samling ferhalen fan de Fryske skriuwers fan ‘Oare wurden’/’Other words’ oanbean. ‘Oare wurden’ is in projekt om ta kreative útwikseling fan skriuwers yn Europa te kommen. Twa fan dy skriuwers sille har ferhaal fertelle: Hein Jaap Hilarides en Karen Bies. De samling ferhalen wurdt meistjoerd mei tydskrift De Moanne.

Dêrneist hawwe skriuwers yn de wiken foar 15 novimber in kursus foardrachtskeunst folge by Tresoar yn oparbeidzjen mei Tryater. Dat binne Hedwig Bakker, Ydwine van der Veen, Renske de Boer, Ciska Noordmans en Sipke de Schiffart. Yn OBE litte sy har ferhaal hearre en litte sy sjen wat se leard hawwe.… Lês fierder

Blog Johan Veenstra: Sunte Matten

logo.ensafh

Aanst kommen de kiender an de deure veur Sunte Matten. Snuup en geld liggen klaor. Wi’j zongen vroeger veur een pat in et Stellingwarfs an de deure, now doen ze dat allienig nog mar in et Nederlaans. Wi’j hadden vroeger echte keersies in de lampion, dat hebben ze now ok niet meer. Et was vroeger mooi as d’r onderwegens es zoe’n ding in de braand vleug… En nao ofloop mit de busen vol lekkers naor huus. Hiel zachies zing ik et begin van dat lietien van vroeger nog even.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

In memoriam Anneke Reitsma (1949-2019)

logo.ensafh

Geboren Pematang Siantar: 31 december 1949, overleden Idsegahuizum: 15 oktober 2019

Op de herfstige zondagmiddag van 8 november 1981 hoorde ik voor het eerst Anneke Reitsma op een literaire middag een lezing houden in het voormalige Hotel ‘s-Gravenhof te Zutphen. Zij hield een voordracht over het werk van Ida Gerhardt. De violiste Emmy Verhey en de pianist Frédéric Meinders omlijstten haar lezing met muziek van Mozart en de in Zutphen geboren componist Jan Brands Buys. De toneelspeler Henk van Ulsen droeg gedichten van Gerhardt voor.

Lês fierder by Johan Reijmerink op NeerlandistiekLês fierder

Blog Lomme Schokker: It Helgolânske fiersicht (1)

logo.ensafh

Se stiet op it boppedek fan de boat dy’t krekt nei achten it haventsje fan Hooksiel ferlit en mei in rûme bocht oer bakboard de Waadsee opfart. It ôffarren wol se foar gjin jild bûten op it dek misse. Fyftich jier lyn hat se om dizze tiid hinne ek sa stean, ta de teannen út fereale op it famke nêst har, dat wol sa út de skroeven wie oer de sâltige seelucht, de lûden fan de mastersfûgels en it libbene praat fan de bern om har hinne dat sels har eagen flonkeren. By dy bern hiene twa heiten west mei in aparte Dútsk tongfal.… Lês fierder

Syds Wiersma

Thoor Ballylee

logo.ensafh

Syds Wiersma reizge ôfrûne simmer twa moannen troch Ierlân om dêr te wurkjen oan in nije dichtbondel. Hy krige dêrfoar in projektsubsydzje fan it Nederlands Letterenfonds. De nije bondel sil ein 2020 ferskine. Foar Ensafh skriuwt er in rige literêre reisferhalen oer syn skriuwerstocht.

Thoor Ballylee

Ast de spoaren fan de grutte Ierske dichter William Butler Yeats (1865-1939) folgest, hast ferskate opsjes. Kinst yn Dublin in jûntsje nei Abbey Theatre of nei de permaninte tentoanstelling oer Yeats yn de National Library. Kinst oan ’e noardwestkust fan Ierlân syn grêf besykje yn Drumcliff, County Sligo. As bern brocht er dêr de simmers troch by syn memmes laach.… Lês fierder