Giny Bastiaans

Hier

logo.ensafh

Hymjend plante de frou twa grutte tassen op ’e bank foar my en plofte der doe tuskenyn. Ik hie har wol draven sjoen op it perron, se koe noch krekt de trein helje foar’t de masinist op it fluitsje blies.
‘Hèh,’ pûste se, ‘ik sit.’
Se hie sa’n âlderwetsk trochskinend reinkapke oer it hier, dêr’t sa te sjen krolspjelden ûnder sieten. Krolspjelden? Bestiene dy noch? Fan dy rôze of blauwe stikelbarchjes, dêr’t je in tûfe hier omhinne draaiden, dêr’t dan wer in pin trochhinne moast om sitten te bliuwen. En dan foaral net te fier stekke, oars wie it ‘AU FERGEMY!’.… Lês fierder

Kollum Mindert Wijnstra: Berneboeken

logo.ensafh

In berneboek skriuwe is gjin keunst, dat kin eltsenien wol. Sels Rafael van der Vaart draait syn hân der net foar om. It is noch mar 14 dagen lyn dat er de fuotbalskuon foargoed oan de wylgen hongen hat , mar fuort dêrnei krige er ynspiraasje en hat er de pinne opkrigen om yn in pear wike tiid in kant en klear boek ôf te leverjen. Ut eigen ûnderfining kin ik sizze dat dat bûtengewoan knap is.

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Aginda 10-11-19: Requiem ta treast

logo.ensafh

Hoe bringe jo it ûnbeneambere ûnder wurden? Dat is in fraach dêr’t mannich dichter har/him mei dwaande hâldt. Skriuwe oer dea en ferlies binne dêr faak mei anneks.

In tal jierren lyn skreau dichter Willem Abma ‘Requiem ta treast’ oer it ferlies fan in dierbere en it fertriet by de achterbliuwers. De dichter joech de ferstoarne in stim. Komponist Marcus Veenstra sette de fjirtich teksten op muzyk foar koar en orkest. In part fan dit requiem wurdt snein 10 novimber foar it earst útfierd yn tsjerklik sintrum De Skeakel yn Ljouwert. Yn in bewurking foar trije sjongeressen en piano.

Lês fierder by RIXTLês fierder

Teleks: Gerben Rypma Hikke ûntbleate

logo.ensafh

Sûnt freed is der in Gerben Rypma Hikke oan it Brekkenpaad by Aldegea. Op ien fan de hikkepealen stiet in Tsjirkje fan keunstner Hans Jouta en op de hikke ‘ik fiel my hjir sa rom en frij’ út Wetterlannen fan dichter Gerben Rypma (1878-1963). Ans Galama út Wommels ûntbleate, as fêste dielnimmer oan de jierlike kulturele kuier fan de Blauhúster Gerben Rypma Stifting, it bysûndere keunstwurk.

Lês fierder by It NijsLês fierder