Aginda 16 en 23-11-19: Siel fan it lânskip

logo.ensafh

Utfiering fan Vocaal Ensemble Bonifatius ûnder lieding fan Hans Algra

Yn novimber 2019 fiert it Bonifatius Ensemble út Dokkum twa konserten út. De muzyk is fan Jan de Jong, Frank fan Nimwegen en Henk-Doeke Odinga op poëzij fan Obe Postma en Eppie Dam.

16-11-19 yn de Grutte Tsjerke, Dokkum,
23-11-19 yn de Krústsjerke, Burgum.

Lês fierder by it Obe Postma SelskipLês fierder

Kollum Aant Mulder: Deselde wurden, oare dingen

logo.ensafh

Immen frege my hoe’t it no krekt sit mei wurden as ‘klaai’ yn klaai-ierappel en yn ik klaai my oan. Hy neamde tagelyk it tiidwurd ‘kleie’ dat mei ei skreaun wurdt, mar faak as klaaie (mei aai) útsprutsen wurdt. Ik sis dat soks homonimen binne. Dat antwurd lit my net mear los. Doocht it wol wat ik sein ha en hoe sit it dan krekt? It is altyd goed om by de definysje fan sa’n wurd te begjinnen. Homonimen binne wurden dy’t op deselde wize skreaun en útsprutsen wurde mar hiel wat oars betsjutte.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Turksk nasjonalisme yn Nederlân

logo.ensafh

Jan hie foarige wike yn Amsterdam west. Foar it wurk fansels, want foar de lol hoege je dêr net hinne. Nee, der moasten masten en flaggen komme foar de maraton fan ôfrûne snein. Hy fertelde dat er drok dwaande wie op it Museumplein, doe’t er ynienen rachen en skellen hearde. It klonk fan fierrens, dat hy sloech der earst gjin acht op.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: ‘Rimen en Teltsjes’ fan de Halbertsma’s tenei online op Project Gutenberg

logo.ensafh

In wichtich Frysk boek, Rimen en Teltsjes (oarspronklik fan 1871), is tenei online te lêzen. De publikaasje mei Fryske gedichten, ferskes en folksferhalen is digitaal opnommen op de webside fan Project Gutenberg. Dat projekt is begjin jierren 70 opset troch Michael Hart en hat ta doel safolle mooglik literatuer fergees tagonklik te meitsjen.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Anne Feddema

1970

logo.ensafh

 

Pake wie 75
Noch út’e 19e iuw
Hy hie in tige sûn gebyt
Tosken as fan in jonge liuw
Hy sei op in dei:
Ik bin no âld
Wat binn’
Wy hjoed?
Dy toskeboel
Moat der no mar ris út
Mei in lege mûle dêrnei
It falske nije siet net goed
Flybke hy:
Ik bin modern
Ik hear derby
Hy begûn wer yn’e tún
Te wrotten

Dy toskedokter:
Dy toskedokter
Hienen se
Ophingje
Moatten.… Lês fierder