Teleks: Twa fersen Jan Kleefstra op RIXT nei oanlieding fan oprop de Moanne

logo.ensafh

De redaksje fan De Moanne ropt Fryske skriuwers op om út ’e skulp te krûpen en harren om ’e werklikheid te bekroadzjen. Hat de redaksje him dêrby ôffrege wat ‘werklikheid’ is? Binne net alle (skriuwers)wurden en keunstuterings in refleksje op hokfoar werklikheid dan ek? Wat werklikheid hawwe se it oer? Ik kin dêr wol in reaksje op betinke, mar ik lit de folslein mispleatste suggestjes graach oan harsels. En as se dan ek noch guon nammen fan skriuwers neame dy’t har wól om dy saneamde werklikheid bekroadzje, skowe se alle skriuwers dy’t se net neame mei ien feech yn de blykber leechachte hoeke dêr’t nimmen har/him drok liket te meitsjen of dwaande hâldt mei de ‘werklikheid’.… Lês fierder

What I learned from my year of reading outside the box

logo.ensafh

Paris during the Easter holidays, I was so absorbed in a novel that I stopped concentrating on the two overly excited children in my care

I ended up reading 151 books in six months. The dizziness of this experience was compounded by the extent to which I was travelling in real life. Stephen King once said that books are a uniquely portable form of magic, but – determined to read the old-fashioned way – I found myself lugging a heavy load of them around. Filming in Brazil, Senegal and Jamaica, for example, I checked in extra suitcases full of books, unwilling to put any limits on how many I might get through on each journey.… Lês fierder

Blog Lomme Schokker: Wat witte wy fan de werklikheid?

logo.ensafh

It skelle lûd fan de doarbel brocht my ynienen werom yn de werklikheid, krekt op it stuit dat ik foar de safolleste kear dit jier in driuwende oprop lies om in ferhaal yn te stjoeren (‘stek de potlead yn de grûn, klap de laptop iepen!’; dit alles moast gewoan in komplot wêze om my mar net oan it skriuwen fan in boek te krijen). Ik liet de Frysk engazjearre literatuer en myn imazjinêre bydrage dêrta eefkes foar wat it wie en rûn de gong yn.

Lês fierder by Lomme SchokkerLês fierder

Marcel Plaatsman

Molwrot: eilannen, de see, Mahler

logo.ensafh

Eilannen haw ik wol in swak op. Dat sil foar de haadpersonaazjes fan Molwrot ek wol wier wêze: net allinnich reizgje dy ôf nei Peaske-eilân, se lykje harren eigen libben ek as in soartemint fan eilân te beskôgjen. It jildt foar Seleina, foar Catrinus, faaks sels foar de oare personaazjes dy’t yn Piter Boersma syn boek foarbykomme. Mar it kin ek wêze dat iksels der te eilânsk nei sjoch. Ik skriuw dit besprek dan ek op Teksel, it eilân dat sa grutsk is op syn histoaryske bân mei Peaske-eilân (mar dêr’t mollen net foarkomme).

Molwrot is troch Boersma syn útjouwerij Hispel útbrocht as in roman.… Lês fierder