Blog Klaas van der Hoek: Poste restante XXVI

logo.ensafh

De besite oan Ljouwert yn novimber 1896 fan de Dútske yllúzjonist Max Auzinger alias Ben-Ali-Bey wie net syn earste. Hy hie Ljouwert dat jier al earder oandien, en mei itselde doel: optrede yn de Harmonie. Op 4 en 5 febrewaarje hie er dêr de lju ferbjustere, neidat er dat koart dêrfoar al dien hie yn Grins. Syn rom wie him foarútflein: de Leeuwarder Courant fan 31 jannewaarje 1896 hie it optreden fan ‘de prestidigitateur of goochelaar, geheeten of zich noemende Ben-Ali-Bey’ oankundige en hie yntegraal in ferslach sitearre út de Provinciale Groninger Courant, dêr’t heech oer syn keunsten yn opjûn wie.… Lês fierder

Blog Eelke Lok: Tolk

logo.ensafh

Yn 1617 wurken je noch gewoan op sneon. De lieding hie de boumaster Jacob Gysbert. Aah, der giet by jimme in lampke brânen. Ja dat wie de heit fan de Fryske dichter Gysbert Japicx.

Dy stoar yn 1666, mar ferline wike skeukte hy wat ûngemaklik yn syn grêf. Miskien gie sa de lêste ferbining fan heit syn toer der wol oan. Want de grutte foarman fan de Fryske taal, nei wa’t de meast weardefolle literêre priis neamd is, dy’t dit jier terjochte nei Boalserter Aggie van der Meer giet, dy foarman waard ferline wike oantaast.

Lês fierder by Eelke LokLês fierder

Blog Lomme Schokker: Lamentaasje fan in sjeesde boekeskriuwer

logo.ensafh

yn ’e fûle faasje skuor ik de pyreneeën troch, fierder en fierder omheech, de col d’aubisque op en oer, yn alle fjouwerenfjirtich hierspjelden ryd ik stadich hymjende útpûstende neatsizzende beswitte bealgers mei magnesium foarbehoedmiddels ûnder it gat foarby, allegearre gearten mei baskyske alpinohelmen nonsjalant achter op de holle en mei reklame foar greta thunberg oer it boppeste bil gravearre, allegearre annes en knillessen en jokes jetskes jannekes en lotgenoaten, betûfte skribinten yn de wolken dy’t stik foar stik krom fan it lange krewearjen mar mei tûk ferstân en net te min fidúsje yn de ûneinigens fan harren eigen heechtiidfeest my mûnter yn bochten sûnder tsjinlizzers foarby wiuwe oant ik úteinlik ûnûntkomber fêst kom te sitten tusken it ûndissiplinearre grize fee dat as spûksels yn de mist midden op de dyk mei loeders fan kobellen ûnder de jaren rinnendewei tsiis mei gatten produsearje en ik gjin kant mear út kin.… Lês fierder

Blog Jaap Slager: Mei in skjin laai

logo.ensafh

Alles wat wierliken wichtich is yn it libben, is fergees.

Soks hawwe dy slûchslimme poallemantsjes fan it Ynternet ek foar it snotsje. Men wurdt ynhelle mei slûchslimme tasizzingen, mar mei ferrin fan tiid hawwe se jin yn e skjirre. Och sa hânsum, OneCloud of OneDrive of sokssawat – fergees, ju, en men kin der ommers altiten by.
Mar dan moat der ynienen dochs jild op it kleed komme. En set men dat yn e kant, dan is men jins fekânsjefoto´s en femyljepetretten wol moai poater.

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

Kollum Aant Mulder: Waling-om of ome Waling

logo.ensafh

Waling Dykstra en twataligens, dat beart as skuorde klokken. Mar it wurdt noch helte slimmer. De niisneamde oerpakesizzer iepenet de tentoanstelling yn it Hollânsk. De man is it Frysk net machtich om’t er, nei eigen sizzen, yn Ljouwert wennet. Neat net slim fansels, mar dan hie ’k leaver immen oars fan de famylje frege. Dan mar gjin Waling Dykstra! Yn de brosjuere lês ik dat Dykstra, de man fan it Winterjûnenocht, him ek ynsette om in earste generaasje fan Fryske froulju oan it skriuwen te krijen. Dat sil sa wêze, mar mei dat skriuwen sil er grif Fryske literatuer bedoeld ha.… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: De poes yn de piskrol

logo.ensafh

Miskien kaam it troch al it reinwetter fan it ôfrûne wykein. Of troch de poes dy’t my fan ’t simmer oanseach ûnder in saneamde ‘plaskrul’ wei. Foar de dúdlikheid: in ‘plaskrul’ is in urinoir, in izeren plaat, foarme ta in spiraal dy’t op fjouwer poaten stiet, in heale meter boppe de grûn. De flier is betegele, hat in rjochtop steande natuerstiennen plaat en in pisgoatte dy’t op it rioel oansletten is.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Henk Nijp

Oan see

logo.ensafh

It soe hyt wurde; tropysk yn it easten en suden fan it lân en it safolste nije waarmterekôr fan de simmer siet der oan te kommen. Oan ‘e kust foel it wat ta neffens de berjochten. Wy binne gek op see, strân en simmerwaar dat dat kaam goed út.
Moai op tiid joegen wy ús del op it noch koele sân. Parasol mei foar wat skaad as wy dêr al ferlegen om kamen te sitten, en it iten en drinken soe sa hooplik noch in bytsje kâld bliuwe.
It wie net drok, de measte skoallen wiene al wer los neffens de spandoeken ûnderweis, dêr soe it wol mei te krijen ha; romte by de rûs om ús hinne.… Lês fierder